- 3 - Mefrou Wegman seit dat har fraksje drok dwaande is de fraksje yn de Steaten ûnder druk te setten. Der is noch hyltiten hope foar it lânbou- museum yn Warten. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie met instemming heeft vernomen dat er weer wat meer ruimte is voor de keus van Warten. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie bij vestiging van het land bouwmuseum financiële middelen beschikbaar moeten worden gesteld. Wethâlder Bijlsma seit dat it kolleezje de yndruk hat dat de aks je yn Ljouwert goed slagge is. De kânsen foar Warten lizze noch iepen seker ek sjoen it feit dat Deputearre Steaten in nij ûndersyk dwaan wol. Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten, mei ynbegryp fan de tasizzingen fan it kolleezje. 3. Meidielings. De meidielings wurde foar kundskip oannommen. 4. Utstel ta it oanwizen fan in nij lid fan it algemien beatjoer fan 'e regio Noard Fryslân. Wethâlder Oosterhof wurdt by akklamaasje beneamd. 5. Utstel oangeande de ûntwerpbegrutting 2000 fan 'e Regio Noard Fryslân. De hear Postma seit dat syn fraksje it wichtich fynt dat der in relaas- je lein wurdt tusken de aktiviteiten en de begrutting. Wethâlder Oosterhof seit dat hy dizze opmerking yn it algemien bestjoer op it aljemint bringe sil. Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 6. Utstel oer de üntwerpbegrutting foar it tsjinstjier 2000 fan 'e regio nale brânwar en de sintrale post ambulânseferfier Fryslân. De hear Aukes seit dat syn fraksje tsjin de ferheging fan 12% stimt. De ferheging mei dy 12% is net goed ûnderboud. De foarsitter seit dat eltse gemeente yn it noarden oanmerklik mear be tel je moat dan yn de rest fan de provinsje. De ferheging komt ûnder oa- ren troch de posten fan it lean, de nije húsfesting yn benammen Drach ten, brânmeldynstallaasjes en it ambulânseferfierSjoen de ôfrin fan it projekt bestjoerlike fernijing is dizze ferheging net oan te ûntkom- men. Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it ütstel besletten. De fraksje fan de V.V.D. wurdt achte tsjinstimd te hawwen. 7. Utstel ta it fieren fan in rjochtsgeding. Sünder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. 8. Utstel ta ôfhannelen fan it belied foar ferkeap en ferhier fan grien- stripen. Sünder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. ried 2109/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 5