- 4 9. Utstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten. Mefrou Veldstra seit dat der neffens har fraksje al mei de bou begûn is. Sy fynt dat it kolleezje besykje moat om in amtner te beneamen foar hanthavening en tafersjoch. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje him dêr by oanslute kin. By punt 7 merket hy op dat it fan belang is dat de eigener no al te witten krijt dat der oan fierdere útwreiding in beheining sit. Kin it bouplan foar de maneezje yn 'e takomst ek problemen opsmite? Wethâlder Oosterhof seit dat der neffens him noch mei de bou op it per- seel Stationsweg 16 te Grou begûn wurde moat. Hy seit dat it bestim- mingsplan dúdlik is: 3500 m2 by rjocht en 6000 m2 by frijstelling. Troch de ôfstân ta de fierdere bebouwing sil de maneezje gjin problemen opsmite Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 10. Utstel oangeande bestjoersoerienkomst gearwurking ta hanthavening fan miljeuwetjouwing yn Fryslân. De hear Aukes seit dat syn fraksje it folslein iens is mei betingst nû- mer 1, dat de kosten net heger wurde meie. Hy hopet dat der mei de tiid in effisjinsjefoardiel te beheljen is. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje it iens is mei de hear Aukes. De hear Postma fynt dat de twa betingsten eksplisyt yn it beslút opnom- men wurde moatte. Wethâlder Oosterhof seit dat dit konvenant yn e takomst miskien foar- dielen opsmite kin. Hy fynt dat de ündertekening fan it konvenant net belemmere wurde moat trochdat de ried fan Boarnsterhim in beslút nimt dat oars is dan dat fan de oare gemeenten. De heer Smittenberg sluit zich aan bij de woorden van de heer Postma. Naast het besluit heeft de raad kennisgenomen van de voorwaarden die het college heeft opgenoemd in het raadsvoorstel. In die zin draagt de raad het college op te doen wat in die voorwaarden staat. De hear Postma is it iens mei de suggestje fan de hear Smittenberg. Wethâlder Oosterhof kin mei dy suggestje ek ynstimme. Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 11. Utstel oangeande advys skeabeoardielingskommisje oer it fersyk fan planskea yn Akkrum. Sünder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. 12. Utstel oangeande ferfolch advys planskeakommisje oer it fersyk fan planskea yn Akkrum. Sünder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. ried 2109/«

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 6