- 5 - 13. ütstel oangeande de ófrekken fan 'e doarpsfernijing Akkrum 1* faze. De hear De Jager seit dat syn fraksje ynstimme kin mei it útstel. It giet dan om in Ófslanke fersy fan it útstel dat yn de kommisje behanne- le is. Hy wol graach yn de earstkommende kommisjegearkomste it ferrin fan de reserverekkening oan 'e oarder hawwe. De heer Smittenberg heeft dezelfde vraag. Wethâlder Bouma seit dat ta. As it wurdt yn de kommisje behannele as by de begrutting foar 2000. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it ütstel besletten. 14Ütstel untwikkeling súdlik diel Steandemêst-rûte en bedriuwenterrein Grou. De hear Aukes seit dat de kombinaasje Steandemêst-rûte/wiete bedriuws- terrein faak yn negative en krityske sin oan 'e oarder west hat. Hjoed moat der wer in wichtich beslüt nommen. Mar ek hjoed yn de Troanrede hat bliken dien dat de N31, mei de keunstwurken derby, op 'e lange baan skood wurdt. As it akwadukt foarearst net boud wurdt bliuwt de koark op üe Steandemest-ruteIt hat dan net folie doel ynvestearings te dwaan yn de Nauwe Galle. Syn fraksje stelt út dat it kolleezje it ütstel we- romnimt, dy punten derüt hellet dy't fan belang binne foar de üntwikke-» ling fan it wiete bedriuwenterrein en allinne dy dingen oan te nimmeri dêr't planologysk oerienstimming oer berikt is. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje mei it ütstel ynstimme kin. Nettsjinsteande it feit dat ûnderdielen fan de Steandemest-rûte foarüt- skood wurde it echt needsaaklik is no in beslüt te nimmen om't de Euro- peeske subsydzje oars yn gefaar komt. Dan kin de Ontwikkeling fan it wiete bedriuwenterrein yn elts gefal trochgean. De hear Zijlstra wachtet earst de réaksje fan it kolleezje op de Troan rede óf Mefrou Veldstra seit dat har fraksje der krekt sa oer tinkt. De heer Smittenberg zegt dat hoewel de Troonrede zeker van belang is, het in dit geval een incident is in een overigens voortgaande lijn, die vanaf de vaststelling van de schets voor de Blauwe Zóne is ingezet. Juist ook voor het natte bedrijventerrein is het van belang al het mo gelijke te doen om dat gedeelte en zo mogelijk de hele Staandemast- route te realiseren. Hij heeft de indruk dat het college het gemeente lijk aandeel heel voortvarend heeft opgepakt. Er blijven zorgen over het planologische traject, maar dat is logisch. Hij denkt dat het goed is het voorliggende besluit te nemen, met dien verstande dat het colle ge de feitelijke verplichtingen alleen aangaat in nauw overleg met de provincie. Bij nieuwe ontwikkelingen wil hij een terugkoppeling naar de raad. Hij heeft echter alle vertrouwen in het college. De hear Postma is fan betinken dat it stânpunt út de kommisjegearkomste wei hiel meager yn it ütstel ferwurde is. Yn de kommisje hat syn frak sje al oanjün ien ding te missen en dat is in risikoparagraafHy fre- get dat om't yn it ütstel stiet dat it kredyt hielendal ófdekt wurdt troch subsydzjejild. Hy twifelet dêroan. It kolleezje hat neilitten dy twifels yn in risikoparagraaf te ferwurdzjen. Sa is bygelyks it bestim- mingsplan noch net fêststeld, alle grûn is noch net oankocht, der is ried 2109/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 7