- 6 - noch oerlis geande oer de brêge yn de Nauwe Galle. It is him net dúdlik oft der foldien wurde kin oan alle 5B-betingsten. De keppeling mei it akwadukt Langdeel wol hy mei dit beslút net lizze. It útstel giet fier om't der gelyk in kredyt frege wurdt foar it wiete bedriuwenterrein, de ûntsluting fan de Nauwe Galle en kosten foar tafersjoch en tarieding. Salang 't de risiko's net oanjûn binne en de urginsje net oanjün is fan it beskikber stellen fan it kredyt foar de ûntsluting fan it wiete be driuwenterrein kin syn fraksje net ynstimme mei it útstel. Om de saak oan gong te hâlden kin hy wol ynstimme mei in kredyt foar de tarie ding oant it momint fan de oanbesteging. Foar de rest kin it oer twa moanne wol werom komme yn de kommisje. De foarsitter slút, letten op de réaksje fan de kolleezjepartijen tydlik de gearkomste om 21.05 oere foar oerlis Hy weriepenet de gearkomste om 21.20 oere. Wethâlder Oosterhof seit dat der yn de kommisje yndied diskusjearre is. Dêrnei is der yn in besletten gearkomste trochpraat-. De Troanrede hat neat te krijen mei it ûntwikkeljen fan it wiete bedriuwenterrein. It kolleezje mient dat de provinsje ferantwurdlik is foar de Steandemêst- rûte It súdlike part en it wiete bedriuwenterrein leit by de gemeen te Boarnsterhim. Der is nei de Troanrede noch gjin oerlis west mei de provinsje. It kredyt fan 8,7 miljoen moat beskikber komme om 't de be-, stekken foar de twa brêgen klearmakke wurde moatte. Der sit yndie4 spanning yn de planology. It bestimmingsplan Yn Lijte is no goedkard: Der moat noch in lyts part oan grün oankocht wurde. Foar dit léste part kin de taksaasje-opdracht hast de doar út. It kolleezje fynt net dat it beslút foarútskood wurde moat, om 't de oanbestegingen yn oktober trochgean moatte. It kin neffens it kolleezje net sa wêze dat de keazen kolleezjeleden troch harren fraksjes net betroud wurde. Hy freget fan de hiele ried in positive opstelling sa as de fraksjes fan C.D.A. en D66 De hear Postma seit dat de réaksje nei de kolleezjepartijen ynhâlde soe dat de net-kolleezjepartijen net wichtich binne. De foarsitter makket dér ekskúsjes foar. De hear Postma freget oft de gemeentlike risiko1s ek dutsen wurdt út it provinsjaal risikofûns. Hy nimt oan dat dat net de bedoeling is fan de provinsje. Yn it konvenant is wol regele wa't risiko draacht foar hok- foar part fan de Steandemêst-rüte. Neffens him is de gemeente foar it súdlike part ferantwurdlik en moat sy ek seis de risiko's drage. Is de planology no echt regele, komme der gjin ûnwissichheden mear? De wet- hâlder hat neat sein oer it oerlis dat geande is oer de brêge oer de Nauwe Galle. Syn fraksje fynt dat de keppeling tusken tarieding en út- fiering wol útelkoar kin. Oer twa moanne is mear bekend oer in protte saken. Syn fraksje hat earder steld yn te stimmen mei it trajekt mits it hiele trajekt yntegraal útfierd wurdt oan de maksimumbedragen ta sa't dy troch it kolleezje neamd binne. Om net tefolle risiko's te rin- nen fynt syn fraksje dat hiel hoeden mei dy risiko's omgien wurde moat. Mefrou Santema wol graach oerlis mei de oare fraksjes. De hearen Van der Meulen en Zijlstra stypje dit fersyk De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 21.35 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 22.05 oere. ried 2109/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 8