- 7 - Mefrou Santema sprekt út namme fan de fraksjes fan P.v.d.A., F.N.P. en V.V.D. De fraksjes kinne akkoart gean mei in kredyt foar de tariedings- kosten. De fraksjes binne posityf oer de oanlis fan it wiete bedriuwen- terrein en de brêge yn de JJ. de Visserwei. Sy wolle de brêge oer de Nauwe Galle derút helje om't yn de grutte Steandemêst-rûte it noch net wis is oft der wol jild komt foar it akwadukt en de brêge oer de Fone- jacht. Der is noch tiid genôch om yn oktober, desneeds in ekstra, gear- komste fan de ried te hélden. Wethâlder Oosterhof seit dat de gemeente gjin risiko rint salang't sy har hâldt oan de subsydzjebetingsten. It iennichste risiko is by net trochgean dat de kosten fan tarieding makke binne. De ûnderhannelingen mei de eigener fan Yn 'e Lij te sille, sa't it no liket wol in posityf resultaat opsmite. Ek de oankeap fan it léste partsje grûn sil wol goed komme. It kolleezje fynt dat de brêge yn de Nauwe Galle der komme moat. Wurdt dy brêge net oanlein dan is der echt in risiko, om't de SBijlsma- jilden dan net komme sille. Foarútskowen fan it beslút is net nedich. De ried moat betrouwen yn it kolleezje hawwe dat as de brêge oer de Nauwe Galle net trochgiet it kolleezje weromkomme sil by de ried. De hear Postma freget, nei oanlieding fan de ferklearring fan mefrou Santema, oft de trije fraksjes meigeane mei it útstel fan syn fraksjes mei it ferskil oangeande de brêge oer de Nauwe Galle. Syn fraksjes stelt út no akkoart te gean mei de tariedingskosten ynklusyf dy foar dé brêge oer de Nauwe Galle. Op in letter momint dit jier kin der Han in beslissing nommen wurde oer in kredyt foar de útfiering as de risiko's bekend binne. Jildt foar de trije fraksjes ek dat by de tariedingskos ten dy fan de brêge oer de Nauwe Galle der yn sitte? It kolleezje seit dat der gjin risiko's binne as der foldien wurdt oan de subsydzjebe tingsten. Dat is in iepen doar. Hy freget oft der eleminten binne dy't de subsydzjebetingsten ündermine kinne. It kolleezje ûntkent ek net dat it bést mooglik is dat it beslút foar in útfieringskredyt wol foarút- skood wurde kin. Miskien kin it kolleezje noch wat sizze oer it betrou wen dat benammen de kolleezjepartijen yn it kolleezje hawwe moatte. De heer Smittenberg kan zich de gedachtengang van de heer Postma wel voorstellen. Hij ziet echter de winst van de knip tussen voorberei- dings- en uitvoeringskrediet niet. Alleen de brug over de Nauwe Galle er uit halen is een hele slechte gedachte omdat dat een signaal naar de andere partners zou zijn dat Boarnsterhim overweegt het convenant op te zeggen. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje leaver sjocht dat kwestjes tusken it kolleezje en de kolleezjepartijen oer it betrouwen yn it kol leezje earder útfochten wurde. Syn fraksje kin ynstimme mei it útstel fan it kolleezje sjoen de útlis fan de wethâlder en de amtlike organi- saasje. Risiko's binne dêrtroch goed beheind. Mei dit beslút barre der gjin ûnomkearbere saken. It fernuveret him dat de kolleezjepartijen miene it better te witten as it kolleezje. Mefrou Santema seit dat it net giet om it better witten wolle. It giet hjir om de kontrolefunskje dy't de ried hat. De trije kolleezjefraksjes wolle dat it kolleezje ûndersiket hokfoar risiko's der binne. De ta rieding foar de brêge yn de Nauwe Galle kin trochgean, mar de útfiering moat no net ta besletten wurde. Yn earste ynstânsje siet de brêge yn de Nauwe Galle ek net yn it konvenant. ried 2109/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 9