- 9 - 14. Utstel ta it £an tapassing ferklearjen fan in provinsjale subsydzjeoar- dering. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be- sletten. 15. Utstel ta it beskiber stellen fan in kredyt foar de brêge oer de Nauwe Galle, dit yn ferbân mei de Steandemêst-rûte. De hear Aukes seit dat as hy it brief fan de provinsje lést hy net tinkt dat de Steandemêst-rûte yn 2005 klear wêze sil. Ek sjoen de sub- sydzje"movedy't der makke wurdt. Op dit stuit kin dit plan noch net fierder komme sjoen de ûntstiene sitewaasje. Syn fraksje wol earst ôf- wachtsje en oanheakje by de bou fan it akwadukt. Sa kin tefoaren komme dat der in brêge oanlein wurdt dy't net brûkt wurde kin. In gruttere flater kin hy net betinke. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje net fleuriger wurden is fan it brief fan de provinsje. Wat hellet Boarnsterhim út as noch safolle ûnwis is? Syn fraksje fynt dat de hiele saak op 'e nij trochnommen wur de moat. De kâns dat de saak ta in goed ein brocht wurde kin is neffens him hiel lyts. Hy kin him wol yntinke dat de foarsitter op in stuit de portefúlje Steandemêst-rûte út hannen jûn hat. De ried moat lykwols syn ferantwurdlikens yn dizzen wol nimme. Los fan it brief fan de provinsje leit der ek noch in oar ferhaal. As der besluten wurde soe de brêge al oan te lizzen, wêrfoar wurdt dy brêge dan eins oanlein en ûnder hokfoar betingsten? Foar safier hy it ynskatte kin tinkt hy dat as der yn de Nauwe Galle in brêge oanlein wurdt dat ünder him net bekende betingsten giet. Hy ferûnderstellet datoangeande dat de Meer iepen bliuwt. Sjoen ek de tasizzing om noch mear lisplakken yn de Meer oan te lizzen. As dat bart, hoe moat it dan fierder. Minsken mei in hüs yn Yn 'e Lijte soene troch de brêge moatte om op it Pikmar ensafuorthinne te kommen. Dat bringt in protte brêgejild mei him mei. Hy nimt oan dat dy boaten net troch de brêge gean sille. Yn it oanbiedingsbrief stiet dat de rekreaasjefeart net op it P.M.-kanaal moat. Dat de Heerensylsbrêge troch stiigjende kosten mar 10 wiken iepen moatte soe is hy it folslein net mei iens. De hiele rekreaasjefeart moat dan troch de Sânsleat en oer it P.M.-kanaal en dat wol it kolleezje no krekt net. Fan oare brê- gen is de ûnderhâldstastân tige min. En dan soe der no noch in brêge oanlein wurde op in plak dat gjin inkeld doel tsjinnet. De hear Postma seit dat de provinsje oanjout dat it akwadukt der yn 2005 lizze sil. De brêge yn de Nauwe Galle sil der yn 2002 lizze. Dat is dus dan eins tri je jier kapitaalsferneatiging. De fraach is wol dat as der no net tahapt wurdt wat dat betsjuttet foar de subsydzjes. De ried hat him al útsprutsen om de Steandemêst-rûte yntegraal te reali- searjen. Hy sjocht gjin reden om no net mei dit útstel mei te gean. De kosten fan de brêge yn de Nauwe Galle wurde folslein troch subsydzje óf dutsen mar dan moat der wol oanbestege en gund wêze foar 31 desimber 1999. It kolleezje leit in útstel foar dêr't de risiko's net fan oanjün binne. It kolleezje heart de ried korrekt te ynformearjenYn it beslút om in kredyt beskikber te stellen moat de nuansearing oanbrocht wurde dat as bliken docht dat it projekt foar de ein fan it jier net oanbe stege en gund is it kredyt wer ta beskikking fan de ried komt. Wethâlder Oosterhof seit dat der op 12 april 1996 in konvenant ûnder- tekene is oer it realisearjen fan de Steandemêst-rûte. It kolleezje is fan doel dat konvenant út te fieren. As de brêge yn de Nauwe Galle net oanlein wurdt rint de subsydzje gefaar. Boppedat kin it wiete bedriuwe- terrein dan net ûntwikkele wurde. De Meer is no noch eingendom fan de ried 19 oktober 1999.doc/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 13