-11 - Wethâlder Oosterhof seit dat in konvenant hiel wat oars is as in ynt- insjeferklearring, sa't de hear Van der Baan dat nei foaren bringt. As in konvenant net útfierd wurdt is de gemeente gjin betroubere partner mear. Der is yn de sletten gearkomsten foarljochting jün oer saken as ûnderhannelings mei persoanen en bestekken. Wachtsje op it akwadukt kin net want dan wurdt der oer de datum fan 31 desimber 1999 hinnegien. Ut it kredyt- fan 6 miljoen, dat de foarige gearkomste beskikber steld is kinne de kosten fan it besteksklear meitsjen betelle wurde. Hy fynt dat yn dit gefal it kolleezje net in giele kaart fertsjinnet omt de ried hyltiten goed en op 'e tiid ynformearre is. De hear Aukes wol de ried der oan werynnerje dat doe't wethâlder Oos terhof de portefúlje fan de Steandemêst-rûte oernaam fan de boargemas- ter syn fraksje dat net stipe. Syn fraksje hat it oernimmen fan de por- tefúlje seis ôfret. Hy betreuret de stap fan de boargemaster om de por- tefúlje ôf te stjitten. Dat hie net hoecht. Hy hat net oars sein as dat it kolleezje him oanslute moatte soe by de grutste partners, it minis- tearje fan Ekonomyske Saken en RykswettersteatDat dat net kinne soe betwifelet hy. As jo net wolle dan kin der neat. De hear Van der Baan seit dat in konvenant yn elts gefal nea sa twing- jend wêze kin dat de ried gjin frijheid mear hawwe soe. Benammen ek omt yn 't foar faak net besjoen wurde kin wat de konsekwinsjes wêze kinne. Syn fraksje is altiten fan betinken west dat der yn iepenbierheid pra ten wurde moat, útsein as it oer persoanen giet. Yn in iepen demokrasy is it folk de baas en dy iepen demokrasy ferwurdt sa njonkenlytsen. Syn fraksje fynt dat ófstapt wurde moat fan de sletten gearkomsten. Mevrouw Van den Berg vraagt om schorsing van de vergadering. De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 22.30 oere. Hy weriepenet de gearkomste om 22.45 oere. De hear Van der Meulen sprekt út namme fan de fraksjes fan C.D.A.Ge meentebelangen 2000 en D66. De fraksjes wolle it kolleezje en de ried it folgjende meijaan. It giet no om in wichtich útstel oer de Steande- mêst-rûte en de ûntwikkeling fan it wiete bedriuweterrein. Dan is it ûnûntbearlik dat sa'n útstel rekkenje kin op in romme mearderheid fan de ried en seker op de stipe fan de kolleezjepartijen. Mei twa fan de trije kolleezjepartijen is dat net it gefal. Dat is net foar it earst. No't it om sa'n wichtich útstel giet en heard de arguminten fynt hy dat it kolleezje earst mei de kolleezjepartijen om 'e tafel gean moat om te besykjen derút te kommen. Op dit momint moat der net in beslút nommen wurde, sa fine de fraksjes fan C.D.A.Gemeentebelangen 2000 en D66. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 22.48 oere foar oerlis. Hy weriepenet de gearkomste om 00.40 oere en makket ekskuses foar it hiele lange skoft dat de tydlike sluting duorre hat. Wethâlder Bouma seit dat de ôfrûne oeren der in protte oerlis west hat, ek fan de wethâlders mei de fraksjes fan F.N.P. en V.V.D. Der is besocht derút te kommen. It kolleezje fynt dat hy ferantwurdlik is foar it súdlike part fan de Steandemêst-rûte en eltsenien sil dêr yn bydrage moatte. ried 19 oktober 1999.doc/ll

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 15