Gemeente BOARNSTERHIM Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de Gemeente Boarnsterhim hâlden op 19 oktober 1999 om 20.00 oere yn it Riedshüs yn Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de hearen F.G. Aukes, J.A. van der Baan, A. Bijlsma (wethâlder) B. de Jong, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder) H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smitten- berg en J. Zijlstra. Ofwêzich: de hearen A.M. de Jager en H.A. Jonkers. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktariss de hear R.P. van der Starre. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan'e oarder: 1. Zt fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 21 septimber 1999. Op fersyk fan mefrou Veldstra wurdt op side 9, twadde alinea it wurds- je: "noedzje" feroare yn "dêrfoar hoedzje". Dizze wiziging yn acht nommen wurdt it ferslach, fierder ûnferoare, fêststeld. 2. Ynkommen stikken en meidielings. De foarsitter dielt mei dat de leden De Jager en Jonkers behindere bin- ne de gearkomste by te wenjen. 2.1. Ynkommen stikken. Nûmer 2: Mefrou Veldstra freget hoe't dit ôfrinne sil. Wethâlder Oosterhof seit dat der in skorsingsfersyk yntsjinne is. Wan- near dit behannele wurdt is net bekend. Nümer 4: Mefrou Santema seit dat de Nederlânske Wolfederaasje in hiele grutte wurkjouwer yn Boarnsterhim wurde kin. De fraach is oft der oer en wer meitocht wurde kin yn de Ontwikkelingen dy't him foardogge. Mefrou Veldstra stipet dizze fraach. Sy hopet op oerlis yn de kommisje. Wethtlder Bouma seit dat der al kontakt west hat. Fia de nije koördina- tor ekonomyske saken sil de kommisje op de hichte hâlden wurde. Nümer 6: De hear Van der Baan wol graach dit stik yn de kommisje ôfdwaan. ried 19 oktober 1999.doc/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 5