- 3 - De hear Postma seit dat it der om giet wat it bestimmingsplan al as net talit. It argumint dat de boumerk past binnen it hjoeddeistige gebrûk as automobylbedriuw is net krekt. Hy fynt it ek tige wichtich dat der noch gjin yntegrale fisy is op de ûntwikkelingen oan de Stationswei. Mei it feit dat it giet om folumineuze detailhannel hat hy gjin proble men. Hy hat wol problemen mei de tanimmende brancheferfaging. Boumerken fiere sa stadichoan assortiminten fan in warenhüs en dat kin net de be doeling wêze. Syn fraksje sil net ynstimme mei dit tariedingsbeslút De hear Van der Meulen kin him oanslute by de foarige sprekker. Earst moat der in yntegrale fisy komme. Ad hoe belied is in minne saak. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje fynt dat dit trochgean kin sjoen ek it feit dat der no ek al in Essoshop is. In yntegrale fisy is der net oer dit plak. Artikel 19 is altiten in ad hoe beslút omt it foarútrint op in bestimmingsplanwiziging. De hear Postma is net tefreden steld mei it antwurd. It kolleezje hat der seis foar keazen dat der yntegraal sjoen wurde sil nei de ûntwikke- lingen oan de Stationswei. Nei in eardere diskusje dêroer is it in jier lang stil bleaun. No komt der sa mar in útstel op it momint dat de stickers al op it etalaazjerút sitte. Dat liket him net behoarlik ta nei de ried ta, útsein it feit dat de ûndernimmer foarútrint op de be slissing. Syn fraksje is fral benaud foar brancheferfaging omt der gjin betingsten oer it te fieren assortimint opnommen binne. De heer Smittenberg wil met dit besluit wachten tot er een visie over de Stationswei is besproken. Mefrou Veldstra is it dêr mei iens Ek de hear Van der Meulen fynt dat der earst in yntegrale fisy oer de Stationswei wêze moat. Wethâlder Oosterhof seit dat der in planologyske fisy tasein is. It kolleezje kin de brancheferfaging net stjoere. De hear Postma fynt dit in ûnsinopmerking. Lit mar waaie, kin nea it belied fan dit kolleezje wêze. Wethâlder Oosterhof seit dat de gemeente net stjoere mei yn de wurking fan de merk. Hy wol graach oerlis yn it kolleezje. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 20.30 oere. Hy weriepenet de gearkomste om. 20.40 oere. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje nûmer 12 weromnimt, alhoe wel' t dat wol problemen opsmite kin omt der yn prinsipe al meiwurking tasein is. It kolleezje komt sa gau as mooglik mei in yntegrale fisy. Nümers 14 en 15: Mefrou Veldstra freget wêrom der ôfweken wurdt fan it bestimmingsplan en it byldkwaliteitsplan foar Meinga 2. Komme de folgjende wenten sa net yn de problemen? ried 19 oktober 1999.doc/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 7