- 5 - Hij heeft een voorlichtingsavond bezocht, die zeer de moeite waard was ondanks de geringe publieke belangstelling. De hear Van der Meulen kin him oanslute by de wurden fan de hear Smit- tenberg oer de personiele ynfolling. Syn fraksje is der net fan oerts- jûge dat in aktualisaasje fan it rapport nedich is. "In lyts handich boekwurkje" hie ek troch in eigen amtner makke wurde kinnen as de faka- tuere mar op 'e tiid ynfold wie. De hear Zijlstra seit dat dit útstel yndied net de skientmepriis fetsjinnet. De oanpak fan de foarljochting is lykwols in hiele bésten ien. Wethâlder Oosterhof seit dat de hear Smittenberg it iennichste riedslid wie dat in foarljochtingsjûn bywenne hat. Ek de publike belangstelling wie net grut, mar de ynspraak wie lykwols hiel wichtich. De fakatuere wie net allinne foar ferkearssaken mar ek foar oar wurk. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 7. utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt foar bestimmingsplannen 1999. De hear Postma freget nei de status fan it struktuerplan Boarnsterhim. Wethâlder Oosterhof seit dat it struktuerplan noch gjin status hat ten opsichte fan it bestimmingsplan, mar dat sil wol barre. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 8. Utstel ta it fêststellen fan de 4" en 6* searje wizigings fan de model- bouoardering Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. 9. Utstel ta it beskikber stellen fan in kredyt fan f 19.000,00 foar it opstellen fan in plan "bromfytsers op de rydbaan" Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel be sletten. 10. Utstel oangeande útwreidingsplan Sibrandabuorren. Mefrou Veldstra sprekt fan in tige positive ûntwikkeling. Pleatslik Be lang hat him tige ynsetten foar dit bestimmingsplan. Ek dêrfoar hat har fraksje alle wurdearring. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje hiel posityf is oer dit út- stelNeffens him is der wol ferlet fan in ienfâldich byldkwaliteits- plan. Wethâlder Oosterhof seit ta dat dat nochris besjoen wurde sil. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 11. Utstel ta it beskikber stellen fan subsydzjes rekreaasje en toerism». De heer Smittenberg noemt dit een buitengewoon merkwaardig voorstel Het college geeft wel erg veel ruimte om de discussie over te doen. Dat zou moeten kunnen als er goede argumenten voor zijn, maar die argumen ten zijn er niet. De fractie van de F.N.P., die toch ook de vorige ver gadering over nagenoeg hetzelfde voorstel heeft gestemd, zei nu in de ried 19 okcober 1999.doc/S

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 9