- 13 - Wethâlder Bijlsma seit dat it de bedoeling is dat der in belied en in feroardering ûntwikkele wurde sille en beide Onderwerpen komme yn it earste fearnsjier fan 2000 oan e oarder. Der hie eins sprake wêze moatten fan in goede ferdieling tusken SKB en de Molenstichting i.o. Dat kin dan it iene jier yn it foardiel fan de iene wêze mar it oare jier sil dat dan wer rjochtlutsen wurde. De Molenstichting i.o. hat no gjin bestjoer mear. Dêrom binne de mûnen troch de SKB meinommen. Foar l febrewaris 2000 komt de Molenstichting i.o. mei in útstel ta oprjoch- ting. Dan sil der ek wer in bestjoer wêze. SKB hat as doel pânen oan te keapjen, te restaurearjen en ûnder betingsten wer te ferkeapjen. Dit is de earste kear dat dat belied útfierd wurdt. De SKB wurdt holpen mei in bedrach fan de Hein Buismanstichting. Der sil besjoen wurde oft de SKB it pân seis restaurearje sil as dat it pân mei in restauraasjeplan fer- kocht wurde sil. Mefrou Wegman betanket de wethâlder foar de beantwurdingSy freget oft it kolleezje mei de ferdieling fan de f 66.000,00 en it beliedsplan fan de SKB werom komt yn de kommisje. Mefrou Santema wol graach dat der yn de kommisje oer de ferdielkaai praten wurdt De heer Smittenberg neemt aan dat de SKB het bedrag dat eventueel uit de verkoop van Buorren 42 komt als startkapitaal voor verdere projecten gebruikt zal worden. Hij dringt nogmaals aan op een algemene subsidie verordening voor alle beleidsterreinen. Hij noemt als voorbeeld de or- ganisatie Vrede en Solidariteit, waar helemaal niet van bekend is wat er met het geld gebeurt Wethalder Bijlsma seit dat it sa gean sil as de hear Smittenberg opmur- ken hat. Der wurdt wurke oan in algemiene subsydzjeferoardering, dy't gemeentebreed jildet. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Utstel oangeande it beliedsferslach "Algemene Bijstandswet" 1998. De heer Smittenberg heeft een procedurele klacht. Zijn fractie kon niet deelnemen aan de discussie in de commissie omdat het commissielid me vrouw Wuite de stukken niet heeft gekregen. Als het weer gebeurt dat stukken niet op een correcte wijze aan commissieleden worden toegezon den zal zijn fractie daar op gepaste wijze op reageren. Mefrou Wegman seit dat dit in bysûnder helder en dúdlik ferslach is. Har fraksje freget noch omtinken foar de fase 4 cliënten. Der binne kontakten mei de gemeente SnitsSy freget it kolleezje ek nei de moog- likheden en de ûntwikkelings foar bygelyks it CWI yn ús gemeente te sjen. Sy soe dêr graach oer yn de kommisje oer prate wolle. Wethâlder Bijlsma seit dat yndied mefrou Wuite net de neistjoerde stik ken krigen hat. Sy sil tenei alle stikken tastjoerd krije. It belieds plan 2000 stiet nije wike op de wurklist foar de kommisje WUK. Wethâlder Bouma seit sa gau der mear te fertellen is dat yn de kommisje barre sil. Der binne 16 gemeenten mei it belied foar it CWI dwaande. Utslútsel dêroer is yn jannewaris/febrewaris te ferwachtsjen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Utstel ta it fêststellen fan it húsfestingsprogram, oersjoch en budzjet ried 23 novimber 1999.doc/13

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 14