- 16 Wethâlder Bijlsma seit dat it Doarpenfûns by de begrutting foar 1999 ynsteld isDer binne tal fan oanfragen binnenkaam, sawol insidenteel as strukturiel. It wie de bedoeling om yn de takomst as dizze pot strukturiel wurden wie om yn oerlis mei de doarpen te bes jen wat der mei it jild barre moatte soe. Dat hat it kolleezje net oprêden. It kol- leezje seit ta dat der by de maitiidsnota besjoen wurde sil oft Uur Cultuur ek strukturiel makke wurde kin. Mei de jongerein is wiidweidich sjoen nei de subsydzjemooglikhedenDe jongerein hie leaver in subsyd- zje in de hierkosten as yn aktiviteitenDan hoege der net allinne ak- tiviteiten organisearre te wurden dy't in protte jild opbringe moatte om de hier te beteljen. Der binne yntusken 8 doarpen dy't in subsydzje foar millennium-aktiviteiten oanfrege hawweDe oanfragen binne grutter as oare jierren. Der sille noch mear doarpen in subsydzje oanfreegje. Dêrom is it budzjet ferhege en kin der dêrtroch ek rommer subsidiearre wurde. Dat Friesland Ode, horen en zien út it listke helle is hie yn it útstel neamd wurde moatten. Datselde jildt foar de SlachtemarathonDe Stichting Documentatie Boarnsterhim hat yn 1999 al in subsydzje krigen. De winsk fan de stichting is om strukturiel in bydrage te krijen foar de ynskeakeling fan in WIW-er. It liket it kolleezje net ferstannich dat ynsidenteel foar 2000 út it Doarpenfûns te heljen. Foar safier hy wit hat Wergea gj in belangstelling foar aktiviteiten yn it ramt fan Simmer 2 000. Mevrouw Van den Berg zegt als de Stichting Documentatie Boarnsterhim een subsidie heeft gevraagd voor de inschakeling van een WIW-er het te recht is dat die subsidie niet uit het Dorpenfonds wordt gehaald. Haar fractie vindt dat het onderhoud aan de jeugdsoos Grou uit de eigen post onderhoud gebouwen moet worden betaald. Haar fractie vindt eigenlijk dat de f 6000,00, die normaal voor oudejaarsactiviteiten wordt gebruikt ook voor de millennium-activiteiten ruim voldoende moet zijn. Er worden (helaas) genoeg inkomsten gehaald uit het schenken van veel alcohol houdende drank De heer Smittenberg deelt de mening van de fractie van het C.D.A. Wethâlder Bijlsma seit dat der gjin jild mear sit yn de reguliere pot foar it ûnderhâld. Hy freget de ried dit bedrach stean te litten, oars sil it mooglik noch in hiel skoft duorje foar de f 3600,00 earne oars fûn is. De oanfragen foar âldejiers-aktiviteiten lizze normaalwei al heger dan f 600,00. Foar dizze bysûndere jierwikseling wurdt der troch ekstra aktiviteiten noch mear subsydzje frege. It kolleezje wol oan dy winsk temjitte komme ta in bedrach fan f 10.000,00. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksje fan it C.D.A. wurdt achte tsjinstimd te hawwen op de punten millennium-aktiviteiten en ûnderhâld jeugdsoos Grou. De foarsitter slút om 23.15 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan de ried foar harren bydrage oan diskusje en beslútfoarming en de oare oanwêzi- gen foar harren belangstelling. Hy winsket eltsenien wol thús Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 21 desimber 1999, de foarsitter, (R.P. van der Starre) (Y. Dijkstra) ried 2.3 novimber 1999.doc/16

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 17