Gemeente BOARNSTERHIM Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 23 novimber 1999 om 20.00 oere yn It Riedshûs yn Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Oanwêzlch: Ofwêzich: Foarsitter Siktaris de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de hearen F.G. Aukes, J.A. van der Baan, A. Bijlsma (wethâlder)B. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder)H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. de hear A.M. de Jager, de hear Y. Dijkstra, de hear R.P. van der Starre. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de hear De Jager behindere is de gearkomste by te wenjen. Hy stelt oan'e oarder: 1. Ferkiezing fan de wethâlders. De hear Zijlstra seit dat it al in goed jier geregeld heakke tusken de kolleezjefraksjes en it kolleezje. Fjouwer wike lyn gie it dan ek goed mis. Twa wethâlders stapten op. It is hast net te begripen dat yntegere minsken dy't it béste mei de gemeente foarhawwe yn sa'n sitewaasje te- lâne komme. Syn fraksje hat nea twifele oan de oprjochtens en yntegri- teit fan de oare kolleezjepartijen. Op 26 oktober hawwe de tri je par tijen witte litten dat de yntinsje der wie om fierder te gean. Der is hurd wurke om begryp te kweken, ófspraken te meitsjen en saken út te djipjen. Justermoarn om tsien oere kaam it léste griene ljocht. Yn de alteraasje dy't doe üntstie wie it slim de foarsitters fan de oare par tijen mei te dielen dat de lympoging slagge wie. De reaksjes fan dy partijen kinne lykwols syn optimisme net mear bedjerre. Hy betanket de oare riedsleden fan de kolleezjefraksjes, de amtlike bystân en oaren sa as it thúsfront foar de meiwurking en de stipe. Dat yn de takomst it bestjoer en it amtlik apparaat profyt hawwe meie fan de fruchten fan dizze stille fjouwer wiken. Mefrou Santema slút har alhiel oan by de sprutsen wurden. De hear Van der Baan seit dat syn fraksje bliid is dat der oerienstim- ming berikt is. De ôfrûne fjouwer wike hawwe de belutsenen oertsjûge west dat de einstreep helle wurde soe. De wize wêrop der oerlis west hat tusken de tri je kolleezjefraksjes jout him moed foar de takomst. Der hat krisis west mar nei syn betinken is Boarnsterhim fersterke út dizze krisis wei kommen. ried 23 novimber 1999.doc/l

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 1999 | | pagina 2