- 3 -
De hear Van der Baan seit dat de opposysje ferjit dat de kolleezjepar-
tijen fjouwer wike dwaande west hawwe om te analysearjen wêr't de saken
ferkeard gien binne. Dy analyze hat in útwurking krigen yn ófspraken.
Men hat elkoar de earen ek wolris wosken, mar it betrouwen is oerein
bleaun. As mar ien fan de alve gjin fedúsje hân hie yn de oplossing fan
de problemen wie dizze lympoging net slagge.
De foarsitter beneamt de hearen Roorda, Smittenberg en Van der Meulen
yn de stimkommisje.
De foarsitter slút tydlik de gearkomste foar de stimming.
Hy weriepenet de gearkomste neidat de stimkommisje de stimmen teld hat.
De hear Roorda makket bekind dat der 16 stimmen útbrocht binne: 6 blan-
ko en 10 op de hear Oosterhof.
De foarsitter konstatearret dat de hear Oosterhof keazen is as wethâl-
der. Hy lokwinsket de hear Oosterhof dêrmei.
Wethâlder Oosterhof nimt dan plak achter de kolleezjetafel
Fakatuere Bijlsma.
De hear Van der Baan stelt út namme fan syn fraksje de hear Bijlsma
kandidaat
De foarsitter slút tydlik de gearkomste foar de stimming en it tellen
fan de stimmen.
Hy weriepenet de gearkomste en jout it wurd oan de hear Roorda.
De hear Roorda seit dat der 16 stimmen útbrocht binne: 6 blanko en 10
op de hear Bijlsma.
De foarsitter konstatearret dat de hear Bijlsma keazen is as wethâlder.
Hy lokwinsket de hear Bijlsma dêrmei.
Wethâlder Bijlsma nimt plak achter de kolleezjetafel
De foarsitter stelt fêst dat bestjoeren fan in gemeente beslist net
ienfâldich is. Nei de ferkiezings begjint it mei de kolleezjefoarming,
der moat in beliedsprogramma makke wurde, der moatte belangen ôfwûgen
wurde, der moat in heldere kar makke wurde, der moatte kompromissen
sluten wurde, der moatte besluten nommen wurden en dy besluten moatte
slachfeardich útfierd wurde. Der binne in grut tal polityk swiere ûn-
derwerpen en in protte aktiviteiten fan minsken en bedriuwen. De kâns
dat der dan wat bart is bést oanwêzich. Yn sa'n sitewaasje komt it oan
op de reewiligens fan de bestjoerders om te praten, te harkjen en de
dialooch oan te gean en de wil om der meielkoar út te kommen. Dat it yn
de bestjoerlike lakune fanôf 19 oktober lêstlyn slagge is der út te
kommen ünderstreket dat op himsels al. Hy sprekt net allinne de winsk
út dat it paad dat no fün is duorsum wêze sil mar hy docht ek in berop
op eltsenien dy't bestjoerlike ferantwurdlikheid draacht ek wier in by-
drage te lever jen oan it algemien belang fan de gemeente en har ynwen-
ners. Dat jildt net allinne foar de kolleezjefraksjes mar ek foar de
oare riedsleden, himsels, de gemeentesiktaris en de amtners. Hy freget
eltsenien de takomst hân yn hân temjitte te gean.
2. It behanneljen fan de wurklist oer da begrutting 2000, tastjoerd op
ried 23 novimber 1999.doc/3