- 10 - de stikken stiet miskien in protte net yn, mar in protte stiet der ek wol ynBygelyks dat der i.n iepenbiere swimgelegenheid bliuwe moatHy stelt út net in tredde rûnte te hélden omt de arguminten nei syn betin- ken foldwaande wiksele binne De hear Aukes seit dat de twa riedsleden dy't der net binne skiednis skriuweAs dy der wol wêze soene soe de stimming oars útfalle. Foar de totale ried is dat wol spitich, omt der sa in skeel sitten bliuwt. Yn de ôfrûne moannen wie der in bestjoerskris isdy't gelokkich oplost is. De óf spraken dy't doe makke binne falie no dus oars út en dat is spi tich. It brief komt fan it bestjoer fan Pleatslik Belang, net fan de leden Mevrouw Van den Berg vraagt schorsing van de vergadering. De foarsitter slút dan tydlik de gearkomste om 19.52 oereHy weriepenet de gearkomste om 2 0.20 oere. Mevrouw Van den Berg zegt dat de schorsing geen nadere feiten heeft op geleverd De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean Earst wurdt der stimd oer punt 1 fan it útstel.. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat dit punt mei 9 stimmen foar en 6 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Postma, San- tema, Aukes, Van den Berg, Jonkers en Van der Meulen. Der wurdt net persoanlik stimd oer punt 2 fan it útstel De foarsitter konstatearret dat de stimferhâlding deselde is as by punt 1. Sa wurdt dan ek besletten. Sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens punt 3 fan it útstel be sletten As léste wurdt der persoanlik stimd oer punt 4. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat dit punt mei 13 stimmen foar en 2 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Van den Berg en Van der Meulen. Mevrouw Van den Berg zegt dat haar fractie wenst dat er eerst onder zocht moet worden hoe het verder moet met de exploitatie van De Twine De foarsitter slút de gearkomste om 20.25 oere. Hy betanket de leden fan de ried foar de bydrage oan diskusje en beslútfoarmingHy winsket eltsien nof- like feestdagen en in goede, wol hiel bysûndere, oergong nei it jier 2000. Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 15 febrewaris 2000, de foarsitter, (R.P. varf der Starre) ried 21 desimber 1999.doc/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 12