Gemeente BOARNSTERHIM fg'VFR 9nwt <r.g van de Raad 'i Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 21 desimber 1999 om 17.00 yn it Riedshûs yn Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-WiersmaJ. Bouma-van den Brink (wethâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de hearen F.G. Aukes, A. Bijlsma (wet- hâlder),B. de Jong (foar in part), H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethouder), H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Ofwêzich: de hearen J.A. van der Baan en A.M. de Jager. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy stelt oan'e oarder 1. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 23 novimber 1999. Op fersyk fan mefrou Santema wurdt op side 2, de earste sin feroare yn "Mefrou Santema seit dat by de VVD-fraksje âld-wethâlder Oosterhof witte litten hat wer in sit yn dit kolleezje hawwe te wollen". It ferslach wurdt dan, ynklusyf boppeneamde wiziging fêststeld. De foarsitter lit witte dat de hearen Van der Baan en De Jager troch sykte behindere binne de gearkomste by te wenjen. De hear De Jong sil letter kom- 2. Utstel oangeande de romtlike ûntjowing yn Grou. De hear Roorda seit dat it derop liket dat der yn dizze riedsgea"koraste in histoarysk beslút oer de lokaasje fan it nije gemeentekantoar nommen wurde sil. Op "it sigaredoaske" is in wiidweidige ferliking tusken de beide lokaasjes makke. Foar syn fraksje is it dúdlik: de lokaasje ach ter De Twine is de beste kar. Finânsjen en tiid binne dêrfoar twa wich tige arguminten. Op sa koart mooglike termyn sil der wat barre moatte oan de wurkplakken fan de amtners en sil de tsj instferliening fan de boargers in opstekker hawwe moatte. Der moat in sober en doelmjittich gebou delsetten wurde, tsjin sa leech mooglike eksploitaasjekostenSyn fraksje wol yn it nije millennium foldwaande jild oerhâlde foar in goed en berikber foarsjenningennivoDe kar foar De Twine jout ek romte foar de âldereinhúsfesting tichteby it sintrum fan Grou. Syn fraksje is foarstanner fan it opsizzen fan de oerienkomst mei Sportfondsen B.V. Syn fraksje wol op 'e hichte hâlden wurde fan de fuortgong en hy giet der fan út dat de nedige útstellen oan de ried foarlein wurde sille. Mevrouw Van den Berg zegt dat aan het voorstel voor de raad slecht één ried 21 desimber 19 99 doc/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 3