- 6 - de omjouwing achter it Riedshûs in earste klas lokaasje. It kolleezje hâldt wol deeglik fan it Riedshûs, dat hiel goed in representative funksje hâlde kin. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 18.10 oere foar it itensskoft. Hy weriepenet de gearkomste om 18.35 oere. Mefrou Santema seit dat yn it léste fan dizze ieu in wichtich beslút nommen wurde moatDer binne dizze ieu in protte dingen feroare. Tink oan Drachten dy't eartiids de feart tichtgoaide en him no sa graach wer iepen hawwe wol omt it status oan it doarp jout. Ek yn Boarnsterhim wie der soksRiedshûs en gemeentekantoar waarden skieden. Sy fynt dizze skieding in handikap en soe graach wolle dat Riedshûs en gemeentekan toar wer ien wurde. It Riedshûs hat útstrieling en dêr moat gebrûk fan makke wurde. Der is achterstallich ûnderhâld mar dat kin fansels oplost wurde. Ek op oare plakken is âld mei nij ferbûn, tink mar oan Skarster- lân en It Hearrenfean. En wat soene de amtners middeis moai kuierje kinne yn it opknapte WilheminaparkYn it wykein komme der dan ek in protte ekstra parkearplakken frijSy seit mei klam dat har fraksje wiis is mei fuortset ûnderwiis yn Boarnsterhim. Senioarenwenten kinne likegoed noch wol achter it Riedshûs, tink mar oan it plak fan de bi- bleteek. Dat der gjin wentebou yn Grou-Noard komt is spitich al is it wol sa dat der benoarden Grou ek in hiele protte wenten steane yn Boarnsterhim. De minister fan Ferkear en Ferfier fynt krekt as sysels dat minsken dy't minder as 15 km fan it wurk wenje bést op 'e fyts kin ne. Ek dat skeelt parkearplakken. De hear Aukes seit dat it noch net sa lang lyn is dat der in útstel lei dat der wol achter it Riedshûs boud wurde koe, yn gearwurking mei de ALDIDe beswieren dy't no oandrûgen wurde wiene der doe net. Hy hat soargen oer it brief fan de OSG. Der sit fêst in grûn fan wierheid yn de opmerking dat de OSG net op 'e tiid klear wêze kin. Hy freget fan it kolleezje de garânsje dat de OSG op 'e tiid klear is. Hy is it net iens mei it oardiel dat in oanbou oan it Riedshûs net kin. Hy tinkt dat in arsjitekt der bést wat moais fan meitsje kin. Syn fraksje, sa is wol dúdlik, is foar de lokaasje achter it Riedshûs Mefrou Veldstra seit dat der seker ek wat barre moat oan it Riedshûs Om it Riedshûs yn eare te hâlden soe neffens har de koartste klap wêze om it gemeentekantoar dêr achter te bouwen. Sy freget oft der ek al in skets makke is fan in kombinaasje âld-nij by it RiedshûsIsi arsjitekt soe alfêst in ûntwerp meitsje kinne. Is in sober gemeentekantoar achter De Twine wol sa'n goede buorman fan de OSG? Wurdt der ek in nije ried- seal yn it gemeentekantoar boud? Is it ûnderste al út de kanne helle om ta oerienstimming te kommen oer it yn eigendom krijen fan de grûn ach ter it Riedshûs? Is in loskeppeling fan it gemeentekantoar fan de rest fan de plannen achter De Twine mooglik? Sit dêr dan ek in fertraging yn foar de bou fan de OSG? Ek is har net dúdlik wat der wier is fan de op merking út it brief fan de OSG. As der keazen wurdt foar in gemeente kantoar achter De Twine op hokfoar plak komt dat dan? De heer Smittenberg hoort in de discussie steeds nieuwe vragen. H~i vindt het niet juist dat de raad zich zou gaan verschuilen achter vra gen en onzekerheden. Het is meer een kwestie van inschatten en afwegen op grond van de kennis die er is. Daar zal de raad het mee moeten doen. Eerst de argumenten die lijken te pleiten voor de locatie achter het Raadhuis. Wat heel zwaar weegt is het pakketje nostalgie. Het is vol gens hem echter maar betrekkelijk of status van een gemeentehuis in het ried 21 desimber 1999 doc/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 8