Gemeente BOARNSTERHIM Notulen fan de gsarkomste fan de ried fan de gemeente Boarasterhim hâlden op 18 jannewaris 2000 om 20.00 oere yn it Riedhûs yn Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en de heren F.G. Aukes, B. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethuider) F O. Pcstr?., J. Rcorda, J.H. Smit- tenberg en J. Zijlstra. Ofwêzich: Mefrou J.T. Wegman-Koopmans en de hearen J.A. van der Baan, A.Bijlsma en AM. de Jager. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de wurklistpunten 4 en 5 fan de list ôfhelle binne. Earst fynt noch in behanneling yn de kommisje plak. De hear Van der Meulen seit dat nei de behanneling yn de kommisje al wol hast dúdlik wie dat dizze punten fan'e wurklist ôfhelle wurde soene. Moan- deitemoarn wie der noch gjin antwurd op de fraach oft de riedsgearkomste wol trochgean soe. Der is net skriftlik befêstige dat de punten 4 en 5 fan 'e list helle binne. Syn fraksje wol graach dat it kolleezje de ried earder ynljochtet oer it al as net trochgean fan punten. De foarsitter seit dat it yndied goed west wie de ried skriftlik op 'e hich- te te bringen. De foarsitter stelt oan'e oarder: 1. Zt fiatstellen fan it ferslech fan de gsarkcmste fan 14 desimber 1999. It ferslach wurdt sa fêststeld. 2 Ynkommen stikken Nûwer 6: De heer Smittenberq zegt dat het wellicht handig is dat deze informatie aan de raad wordt gestuurd voor de behandeling in de commissie. Wethâlder Oosterhof seit dit ta. Der sil oer dizze matearje yn de kom misje praten wurden. Nûmer 12: De heer Smittenberg neemt aan dat dit bezwaarschrift zal worden betrok ken bij het betreffende agendapunt in de commissie, als het weer aan de orde komt Wethâlder Oosterhof seit dat dat sa wêze sil. ried 18-01-2000/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 2