4
De foarsitter seit dat it kolleezje it amtlik apparaat nochris frege
hat de ôfstân dy't der heart te wêzen yn de ûnderhannelings yn acht te
nimmen
De foarsitter slút tydlik de gearkomste om 20.35 oere foar oerlis yn it
kolleezj e
Hy weriepenet de gearkomste om 20.50 oere.
Wethâlder Bouma seit dat der yn Akkrum foar kavels op it bedriuweter-
rexn dêr1t ek wenne wurde mei in opslach fan f 40.000,00 jildet. Der
binne gadingmakkers dy't wol nei de kavels yn Reduzum ta wolle en it
soe dan frjemd wêze om no ynienen in legere priis te freegjen. It kol
leezje freget fan de ried romte te krijen om yn de ûnderhannelings ta
in heechste priis fan f 200,00 de m2 te gean.
De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Der sil oer it
útstel, ynklusyf de taljochting fan it kolleezje stimd wurde.
Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it útstel fan it kolleezje
ynklusyf de taljochting mei 8 stimmen foar en 5 dêrtsjin oannommen is.
Tsjinstimd hawwe de leden De Jong, Roorda, Veldstra, Zijlstra en Aukes
De foarsitter slút de gearkomste om 20.55 oere. Hy betanket de leden fan de
ried foar harren bydrage oan diskusje en beslútfoarming en alle oare oanwê-
zigen foar harren oandachtHy winsket eltsenien wol thús
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste
fan 14 maart 2000,
de de foarsitter,
(R.P. van der Starre)
ried 18-01-2000/4