- 10 - De foarsitter jout noch in oanfolling op de wurden fan wethâlder Bijlsma. Nei it beslút fan jûn sil der in plak foar it AZC keazen wurde moatteDe yntroduksje fan dat plak sil fuortendaliks dêrnei bekend makke wurde oan de ried, de omwennenden en Pleatslik Belang. De oerien- komst mei it COA sil yn de ried oan 'e oarder komme. Mefrou Santema seit dat har fraksje de ynwenners ek ynspraak jaan wol oer it plak dêr't it AZC komt. Sy nimt it de fraksje fan D66 kwea óf dat dy rjochting de WD spruts fan folksferlakkerijIt kin net sa wêze dat it COA bepaalt hoe grut in AZC wurdt. Oeral yn ús demokrasy wurdt de aard en skaal meiwûgen. Har fraksje sil tsjin in AZC fan 400 bewen ners stimme. Mefrou Veldstra fynt it wol spitich dat de V.V.D. har moasje net stypje wol. It doel fan de moasje is om de diskusje los te meitsjen oer it tal bewenners fan in AZC. Sy wol derom wol de moasje yn stimming bringe. Ynformaasje nei de befolking ta sil troch in ûnpartidich persoan dien wurde moatte. As de lokaasjekar by de ried weromkomt moat dat yn de ie- penbierheid behannele wurde. De heer Smittenberg zegt dat zijn fractie van mening is dat een AZC van 250 of 300 mensen dezelfde zorg als een groter centrum zal moeten bie den, maar dat er dan minder middelen zijn. Volledige zorg kan alleen geboden worden bij een centrum van 400 of meer bewoners. Een AZC van 80 inwoners is onzin. Hij is blij dat de V.V.D. nu gezegd heeft gewoon Ce- gen een AZC van 400 inwoners te zijn. Het college wil in beslotenheid mei de raad discussiëren over de locatiekeuze en daar het advies van de raad uithalen. Later zal er ook in formele zin over de locatiekeus ge sproken moeten worden en zal de raad een besluit moeten nemen. Hij is van mening dat Boarnsterhim een goed voorbeeld zal geven van de intro ductie en vestiging van een AZC. De hear^Roorda seit dat elts it der oer iens is dat de yntroduksje hiel soarchfâldich plakfine moat. Der moat perfoarst net sunich mei ynfor maasje omgien wurde. Der soe bygelyks in antwurd jûn wurde kinne op de 10 meast stelde fragen. Yntegraasje fan de bewenners fan in AZC is Han wol net in doel op himsels, mar de praktyk jout oan dat der wol wurke wurde kin oan it lizzen fan kontakten mei oare minsken en bygelyks ek it ferieningslibben. It ekstra jild dat de gemeente krijt moat net yn de algemiene middels telâne komme. Syn fraksje sil de moasje net styp je. It giet syn fraksje om kwaliteit en by in leger tal bewenners fan in AZC sil der ynleverje wurde moatte op krekt dy kwaliteit. Wethâlder Bi]lsma seit dat de fraach fan it COA wie oft Boarnsterhim ja as nee in AZC fan 400 ynwenners mei in folslein foarsjenningsnivo hawwe wol. Seis de kar meitsje fan it tal bewenners is net mooglik en in oar tal bewenners is foar it COA net besprekber, as de gemeente sil der seis jild bydwaan moatte. Ynformaasje kin mar troch ien saakkundige jün wurde, it COA. It kolleezje sil noch mei in útstel komme oer hoe't de f 173.000,00 bestege wurde sil. Fansels is it sa dat de bewenners fan in AZC al hiel gau belutsen wurde en binne by de pleatslike mienskip. Formeel is der fan yntegraasje lykwols gjin sprake. oarsitter seit dat de leden Santema en Veldstra soarch hawwe oer de fraach oft de doarpen de spankrêft hawwe om in AZC by te pleatsen. En wêrom it iene doarp wol en it oare net. Dat is in serieuze fraach. It is gjin wiskunde en gegûchel mei sifers, mar it is in hiel oar mecha- ried is tab 2000/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 15