-11 - nisme dat dan wurkjen giet. Om de negative maatskiplike en sosjale kon- sekwinsjes fan de festiging fan in AZC sa lyts mooglik te meitsjen sil der in sa folweardich mooglik sintrum komme en dat kin allinne mei 400 bewenners. It kolleezje wol oan de winsk fan de ried foldwaan om te sjen oft it ek mooglik is in folweardich AZC te krijen mei minder be wenners De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. Earst komt de moasje fan de fraksje fan de F.N.P. oan bar. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat de moasje mei 14 stimmen dêrtsjin en 1 dêrfoar fersmiten is. Foar hat stimd mefrou Veldstra. Dan komt it kolleezje-ústel yn stimming. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat it kolleezje-útstel mei 11 stimmen foar en 4 dêrtsjin oannommen is. Tsjinstimd hawwe de leden Jon kers, Postma, Santema en Aukes. Mefrou Veldstra fynt it spitich dat de moasje net oannommen is. It gong der har allinne mar om de festiging fan in AZC los te keppeljen fan it tal bewenners De foarsitter konstatearret dat it útstel mei in oertsjügjende mearder- heid oannommen is De hear Roorda ferlit de gearkomste. 6ütstel oangeande de tarieding fan Bienaaa III De hear Postma seit dat syn fraksje it útstel stipet. Syn fraksje fynt it tige wichtich dat de kommisje dy't ynsteld wurdt om te advisearjen oer de ynrjochting en de kwaliteitsbewaking en oare aspekten der by pakt sa as de útwurking fan in byldkwaliteitsplan, ynfolling jaan oan it begryp duorsumens en ek it meitsjen fan in konstruksje foar it ta- komstich behear fan it bedriuweterrein. Miskien moat de doelstelling oangeande it tal arbeidsplakken de hektare ek nochris besjoen wurde. De foarsicter seit der in grutte wil en ynteresse is te foldwaan oan wat de hear Postma sei. Ek it tal arbeidsplakken sil omtinken jûn wur de. Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 7. Dtstel ta it alamen fan tariedingabeslút. De heer Smittenberg wil graag over punt 5 (Meagere Weide 29) opmerken dat er pas een bouwvergunning zou moeten worden afgegeven nadat de sloop gerealiseerd is. Omdat dat nu niet het geval is stemt hij tegen dit punt. Wethâlder Oosterhof seit dat in betingst oer de sloop net yn de boufer- gunning opnommen wurde kin. It kolleezje wol him der wol foar ynsette dat der earst in sloopfergunning ôfjûn wurdt. Dan wurdt der sünder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De hear Smittenberg wurdt achte tsjin punt 5 stimd te hawwen. ried 15 feb 2000/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 16