- 2 -
Wethâlder Bijlsma seit dat de fraach fan de hear Jonkers ek wiidweidich
spile hat yn it algemien bestjoer fan de GGD. Lykwols hat it algemien
bestjoer de begrutting en de earste begruttingswiziging goedkard. it
liket him net ferstannich op de saak werom te kommen. It sil lykwols
noch in kear yn de kommisje bepraten wurden.
Nûmers 5 en 6
De heer Smittenberq refereert aan de behandeling van het stuk over de
werkwijze van de raadscommissies. In deze gevallen is de raad de be
voegde instantie en de raad zal dus moeten beslissen en niet het colle
ge.
fo^^sitter seit dat it kolleezje de ried in útstel fan behanneling
docht. It oardiel leit by de ried.
Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje it foech hat beswieren ûnt-
fankelik as net-ûntfankelik te ferklearjen. Dêrnei komt it yn de kom
misje en de ried beslút.
Nûmer 7:
Mefrou Santerna seit dat it dochs sa is dat der yn alle gefallen in âl-
dereinhûs yn Grou bliuwe moat. Dat der foar de "âldere jongerein" wat
boud wurde sil is har fraksje flak foar. Sy wol graach oer dit brief yn
de kommisje prate.
Mefrou Veldstra fynt dat de bewenners en de kliênteried in antwurd wèr-
om hawwe moatte. Yn de kommisje wol sy graach in taljochting op de
plannen fan Friestins
Mefrou Wegman slút har oan by de eardere sprekkers. It ûnderwerp seni-
oarenhúsfesting wol sy graach yn de kommisje oan 'e oarder hawwe.
Wethâlder Bijlsma seit dat de skriuwer uteraard in antwurd krijt. De
soarchgroep Noorderbreedte konstatearret dat Nij Friesmahiem kwa funk-
sjonearjen wat achterrint. Men wol graach in ferbouwing sadat der grut
tere en moderne keamers komme. It betsjut perfoarst net dat Nij Frie
smahiem opheven wurdt. Mei Friestins is der praten oer in lokaasje ach
ter it Riedshûs.
Nûmer 10:
De hear Roorda seit dat syn fraksje graach wol dat de nota, dy't net by
de stikken lei, yn de riedskommisje behannelje wurdt, mei dêrby it
stânpunt fan it kolleezje.
Mefrou Veldstra wol hjir ek graach yn de kommisje oer prate.
Wethalder Bijlsma seit ta dat dit stik yn de kommisje behannele wurde
sil
Nûmer li:
De hear Aukes is benijd nei de stân fan saken. Komt it riedsbeslút wer
op 'e nij yn de ried?
Mefrou Veldstra wol graach in taljochting fan de wethâlder.
De heer Smittenberq zegt dat de raad in deze bevoegd is en niet het
college
riud 14-03-2000/2