- 4 -
Wethâlder Bijlsma seit dat yn it kolleezjewurkprogram stiet dat der in
iepenbiere swimgelegenheid bestean bliuwe moat. Ek de sporthal moat be-
stean bliuwe. Op de lokaasje De Twine is ien ding seker: it plak foar
de OSGFoar de rest binne alle mooglike farianten yn ûndersyk. De ried
hat yn desimber besletten it kontrakt mei Sportfondsen op te sizzen.
Dat betsjut dat it swimbad op dit momint mei foly wersteld wurdt en dat
sadwaande der takom simmer wer swommen wurde kin. "Gelet op de plan
nen..." hâldt yn dat der no oan plannen wurke wurdt dy't yn de rin fan i.t
jier nei de ried takomme sille. Dat it skilderwurk dit jier net meinom-
men wurdt, komt om 1t de takomst fan de sporthal en it swimbad noch net
bekind binne. De Sportstichting hat oanjûn dat hy mooglik de sporthal
wol eksploitearje wol. Dy oanbieding wurdt yn portefúlje hâlden oant it
oan de petearen dêroer ta is
De foarsitter seit dat der op hiel koarte termyn in projektútstel mei
stappenplan komme sil foar de kommisje en de ried.
Mefrou Santema fait it tige óf dat de Sportstichting sa'n antwurd krijt
op de oanbieding. As men mei sa'n oanbieding komt moatte op syn minst
dy minsken útnoege wurde foar in petear. It is har te meager dat der
dizze simmer wer swommen wurde kin. We moatte swimmen bliuwe kinne ek
dêrnei. As de sporthal net goed ûnderhâlden wurdt giet dy fan jo óf.
Mefrou Veldstra fynt ek dat der mei de Sportstichting praten wurde
moat. It oanbod moat serieus nommen wurde.
Mefrou Wegman seit dat eltsenien wol dat der draachflak kreêarre wurdt
foar de plannen. Op 17 febrewaris wie der in goede ynformaasjejün. Sy
trunet der op oan sawol de belangengroepearings as de ried by de plan
nen te belûken.
Wethâlder Bijlsma seit dat de Sportstichting net oan 'e kant setten is
mar yn portefúlje hâlden wurdt om 't straks in ófwaging makke wurde
moat út alle mooglikheden. It kolleezje giet no ek net mei kommersjele
oanbieders om 'e tafel. Hoe't de takomst fan it swimbad der út sjocht
is in ûnderwerp fan stúdzje. Dan komme mooglike eksploitanten ek yn
byld. It swimbad sil ek yn 2001 iepen wêze, yn hokfoar foarm dan ek. It
kolleezje sil sa gau mooglik komme mei útstellen oer de ynfolling fan
it gebiet achter De Twine.
De hear Van der Meulen freget nei in deadline foar de realisaasje fan
de plannen
Wethâlder Bijlsma seit dat de artikel 19 procedure foar de OSG in dead
line is.
De foarsitter hat it gefoel dat de ried witte wol wannear't wat bart.
Op sa koart mooglike termyn, tusken no en twa moannen, wurdt de proses-
planning oan de ried foarlein.
De hear Zij lstra seit dat der ek rekken mei hâlden wurde moat dat de
sporthal troch ferienings út mear doarpen brükt wurdt.
De hear Van der Meulen seit dat it wol hiel koart dei wurdt om foar
2001 de eksploitaasje foar it swimbad rûn te krijen.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
ried 14-03-2000/4