GEMEENTE BOARNSTERHIM Beslutenlist ried 18 april 2000. Nú. Omskriuwing Utfiering 1It beëdigjen fan de hear S.G. Janse ta riedslid fan de gemeente Boarnsterhim. De hear Janse is beëdige, en talitten ta riedslid. Mid. 2. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 15 febrevaris en 14 maart 2000. Konform fêststeld. Mid. 3. Ynkommen stikken. Konform besletten mei de tasizzing dat de punten 8, 9, 11 Mid. en 12 besprutsen wurde yn de riedskommisjes 4. Utstel oangeande tydlike húsfesting fan it gemeentlik apparaat. De rie beslút it folgjende: WWR It nimmen fan tydlike húsfestingsmaatregels foar it gemeentekantoarynklusyf it keapjen fan kantoarunits. It ferlienen fan in kredyt fan maksimaal f. 700.000,00 werby de maksimale kapitaallêst as gefolch fan keap f. 275.333,00 tafoege vurdt oan it kostenplak húsfesting. Troch it brûken fan de Reserve Húsfesting te foarsjen yn it dekken fan de lesten yn it earste jier. Foar de jierren dêrnei sil dizze reserve fierder oanfold wurde om yn de folsleine dekking te foarsjen. Dizze stoarting fan ûngefear f. 340.000,00 sil oan de oarder komme by de mai- tiidsnota 2000. De ekspletaasjekosten ûnder bringe by de budzjetten dy dêrfoar bestimd binne. It kolleezje docht ferslach yn de riedskommisje AS, fan de ynspannings om de oankeapkosten te beheinen troch it ûndersykjen fan mooglikheid fan twadde hâns oankeap. 5Utstel oer in beswierskrift tsjin it beslút fan de ried fan 21 septimber 1999, oangeandeit fêststelen fan in planskeafersyk yn Akkrum op grûn fan kêst 49 WRO. Konform besletten. WWR 6. Ferfalt. 7. Utstel oer it ynfollen fan de eardere helling op it Stork- Bepak terrein yn Grou. Konform besletten, mei de oantekening dat de hear WWR Smittenberg tsjin de punten 1 en 3 fan it útstel is. RIEDLIST.APR/0/IZ/B0SMAS/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 86