- 3 -
Wethâlder Oosterhof seit dat de ried besletten hat dat de Steandemêst-
rûte oanlein wurde sil. De kommunikaasje komt hieltiten wer nei foaren,
krekt as de eigendom. De kommunikaas je hie better kind. Der hie yn it
foar oerlis ek mei de arkebewenners praten wurde kind. Oerlêst moat
kompensearre wurde. De oerienkomst dy't der no leit is dêr goed yn
slagge. De toan yn de kommis jegearkomste fan 31 jannewaris wie net
best. It kolleezje fün it dêrom net sinfol it petear troch te setten.
Yn it útstel is de kadastrale gemeente wol goed opnommen, mar it ka
dastrale nûmer net. Dat sil feroare wurde. Der is gjin inkelde titel
fan hier as pacht, de eigendomssitewaasje is folslein dúdlik. Mei it
nije punt 2 binne de rjochten en plichten fan de arkebewenners fêst-
lein. Utstel fan it beslút mei 14 dagen kin net, om 't mei de brêge be-
gûn wurde moat. In oerienkomst op himsels seit al dat der lykwicht fün
is. In ôfsluting yn de Meer is needsaaklik yn ferbân mei de gefaarlike
sitewaasjes dy't ûntstean kinne op it P.M.-kanaal.
De hear Postma freget oft de oerienkomst mei Yn 'e Lij te wol wetter-
ticht is, dat der gjin skeaklaims yntsjinne wurde kinne. Skeaklaims
soene útsluten wurde moatte en dat soe yn de oerienkomst stean moatte.
Hy konstatearret dat de direksje fan Yn 'e Lijte der net op stiet om de
grûn noardlik fan De Meer te klaimen as ûnderdiel fan de transaksje. As
dy grûn net oergiet dan wol de direksje fan Yn 'e Lijte ek net meibe
tel je oan de ôfsluting fan De Meer. Dit ûnderdiel fan de transaksje is
der dus wol út te hel jen en dam hoecht de ôfsluting der ek net te kom
men. Syn fraksje konstatearret dat de brêge oer de Nauwe Galle te smel
wurdt. Hy freget it kolleezje de breedte fan 'e brêge yn weroerwaging
te nimmen.
De heer Smittenberq vindt ook dat in de overeenkomst nadrukkelijker de
aansprakelijkheid uitgesloten moet worden. Het realiseren van de af
sluiting van De Meer hangt af van de feitelijke overdracht van de pro
vincie aan de gemeente. Daarna kan de gemeente immers pas de Awb-
procedure gestarten. Wat de directeur van Yn 'e Lijte wenst te bereiken
met deze transactie zal hij toch zelf moeten regelen. Het is hem H*n
ook onduidelijk wat voor overleg daar nog over gevoerd zou moeten wor
den. Wel vraagt hij zich af waarom er wel uitvoerig met Yn 'e Lijte is
overlegd en niet met de arkbewonersHet hele Staandemastproject, zo
constateert hij, mist een goed plan voor communicatie. Al vaker heeft
hij ook gevraagd naar de projectplanning, ook dat schept gewenste dui
delijkheid voor de raad en belanghebbenden.
De hear Van der Meulen seit dat it ek hjir wer ûntbrekt oan in goede
kommunikaas je. Hy slút him oan by de wurden fan de hear Smittenberg
datoangeandeEk de kommunikaasje tusken kolleezje en kolleezjepartijen
rint net goed. Alle tri je partijen komme no mei in oar útstel en dat
stelt him teloar. Wat foar konsekwinsjes hat it foar it kolleezje as
dit útstel net oannommen wurdt? Foar de rest slút hy him oan by de fra-
gen dy't de hear Postma steld hat. Hy is benijd nei de oare punten
dêr't mei Yn 'e Lijte oerlein is.
De hear Zijlstra seit dat yndied de kommunikaasje net foldwaande west
hat. Syn fraksje sit der wat mei. As kolleezjepartij hearre jo it kol
leezje te stypjen, mar in lyts punt út de hiele oerienkomst, it oerlis
mei de arkebewenners, is noch net folslein útiten. Syn fraksje tinkt
dat it ferstanniger is it útstel oan te hélden en sa gau mooglik mei de
arkebewenners te praten.
ried 15 feb 2000/3