BOARNSTERHIM gemeente u T S T E L Gearkomste Agindapunt Portefúljehâlder 16 maaie 2000 6 wethâlder A. Bijlsma Grou, 28 april 2000. Oan 'e gemeenteried. Underwerp: Utstel oer it oangean fan in kontrakt mei Icare Thuiszorgwinkels út Dronten om fan 1 juny 2000 óf helpmiddels te leverjen yn it ramt fan de Wvg. Koarte ynhâld: Oan 1 april 2000 ta wie Florens Voorzieningen Friesland b.v. ús leveransier fan helpmiddels. Dit bedriuw hierde de helpmiddels fan de revalidaasjetechnyske bedriuwen fan Lammert de Vries b.v. út Ljouwert en fan Welzorg út Hurdegaryp en ferhierde se dêrnei oan de gemeenten. It wie in ek- stra skeakel yn it proses fan it leverjen fan helmiddels. Nei in oanbestegingsprosedure fan 14 gear- wurkjende gemeenten, ûnder begelieding fan de V.N.G., wurdt it leveringsproses koarter. Der hawwe 5 bedriuwen gading makke nei de opdracht om yn de 14 gemeenten helpmiddels oan handikapten yn it ramt fan de Wvg te leverjen. Nei beoardieling fan de, yn't foar opstelde gun- nings- en seleksjekriteria, is Icare Thuiszorgwinkels út Dronten as béste út'e bus kaam. Wy stelle jo foar om mei dit bedriuw foar de kommende 3 jier in kontrakt oan te gean. Icare kin har offerte, dêr't it gunningsadvys op basearre is, neikomme as alle 14 gemeenten neffens it gunnings- advys beslute. Wat de helpmiddels oanbelanget, dy't op 1 juny 2000 al brûkt wurde troch handikapten yn ús gemneente, stelle wy jo foar om dizze troch te hieren fan de âlde leveransier. Yn praktyk betsjut dit dat we dizze rolstuollen ensa rjochtstreeks hiere fan Lammert de Vries en fan Welzorg. Fan dizze twa bedriuwen ha wy ek de ôfrûne moanne helpmiddels ôfnaam. De handikapte minsken kinne foar ûnderhâld en reparaasjes terjochte by de by de fetroude leveransier. Útstel fan boargemaster en wethâlders: 1foar in tiidrek fan 3 jier in kontrakt óf te sluten mei helpmiddelsieveransier "Icare Thuiszorgwin kels" út Dronten om neffens de Wvg helpmiddels oan handikapten te leverjen 2. dit beslút ta útfier te bringen as alle oare 13 dielnimmende gemeenten krektsa beslute 3. om de helpmiddels, dy't op 1 juny 2000 al brûkt wurde, ek de kommende tiid te hieren fan de âlde leveransier. w útstel leverjen helpmiddels Wvg/szpe/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 19