- 10 - minder en seis gefaarlik. De oanfraach foar de sloopfergunning hat yn oktober yn Op 'e Hichte stien en ek de sloopfergunning is yn desimber publisearre Hy seit ta dat der yn de kommisje keazen wurde kin hok- foar projekt it wurde sil. Wethâlder Bouma seit dat op 21 maart 2000 oan de kommisje skriftlik berjocht dien is oer it ferhaal fan de haven. Dêr wurdt ek praat oer de ferdieling fan de kosten. De ried wie dus wol op 'e hichte. Mefrou Santema seit dat it Theehûs fan âlds in prachtige lokaasje is. No is it bot útwreide. Oan soks tinkt sy ek yn it ramt fan dit útstel. It giet der ek mar om mei wat foar plannen de ûndernimmers komme. Wethâlder Bijlsma seit dat de ynstek fan it kolleezje gjin horeka is. Yn de projektopdracht stiet ek dat der Ontwikkelingen komme kinne dy't rjocht dogge oan it histoaryske karakter mei mooglik stypjende horeka- funksje. Perfoarst dus gjin horeka as haadaktiviteit De foarsitter stelt út ta beslútfoarming oer te gean. De heer Smittenberg kan, hoewel met moeite, instemmen met punt 2. Met de punten 1 en 3 stemt hij niet in De heer Jonkers wenst stemming over het amendement dat de gemeente 75 van de kosten betaalt en de eigenaar 25 De foarsitter konstatearret, neidat hy de fraksjes dêr nei frege hat, dat it amendement de stipe fan twa leden krijt, te witten de hearen Jonkers en Postma. Dêrtroch is it ferwurpen mei 14 tsjin 2 stimmen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De hear Smittenberg wurdt achte tsjin de punten 1 en 3 stimd te hawwen. 8. Dtstel oangeande in oerienkomst mei Jachtwerf De Polle B.V. De hear Zij lstra seit dat oer dit ûnderdiel j ierrenlang praat isSyn fraksje is bliid dat dizze saak no út de wrâld is. De hear Janse seit dat der yndied nybou west hat, mar dat wie in nije wente en doe binne der gjin tasizzings dien. De jachtwerf is dêr al folie langer. No docht bliken, ta syn fernuvering, dat it kolleezje al wat regelje wol, benammen om 't de hear Wester driget mei beswieren tsjin bestimmingsplan Yn 'e Lij te. De kosten sille likernôch twa ton wêze. Dat fynt syn fraksje fierstente gek. Hy fynt dat net oerstaach gien wurde moat fanwegen in driging fan beswier. Syn fraksje kin net ynstimme mei dit útstel Mefrou Santema freget om hoefolle jild it giet. Wethâlder Bouma seit dat der net praat wurdt oer in jildbedrach. It sil wol yn de buert komme fan de twa ton. De kwestje spilet al hiel lang. No kin der in oplossing fün wurde yn it ramt fan it graven fan it nije kanaal. Dêroer is yn de ekstra kommisjegearkomste fan ROWM fan 31 jan- newaris 2000 praten. De hear Janse seit dat de gearkomste fan 31 jannewaris in sletten gear- komste wie. Syn fraksje wol dat dit yn folsleine iepenbierheid behanne- le wurdt en de tasizzings moatte bekend makke wurde. ried 18 april 2000/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 12