- 12 -
Mevrouw Van den Berg zegt dat dit verslag laat zien dat er een goed be
leid is. Het is stabiel wat betreft de aanvragen en wat betreft de fi
nanciële middelen. Er is ook een verslag van de klachtencommissie bij
gevoegd en dat gaat over het taxivervoer 1998-1999. De commissie geeft
ongevraagd advies bij de toewijzing van het nieuwe contract zich niet
alleen door te prijs te laten leiden. Toewijzing aan taxicombinatie
Boarnsterhim houdt ook in dat de werkgelegenheid in Boarnsterhim ge
waarborgd is. Haar fractie raadt het college aan, dat nu het WVGvervoer
niet wordt aanbesteed, te spreken over de goede organisatievorm die er
nu is en om niet zo snel de aanbesteding uit te stellen tot 2001 om via
de provincie met het CW-vervoer mee te gaan. Laat eerst de provincie
maar eens alle proeven doen.
Wethâlder Bijlsma seit dat de winsken fan it WVG-platfoarm al besprut-
sen binne. Uteraard sille de risseltaten oan de kommisje en de ried be
kend makke wurde. Op it CW komt it kolleezje werom yn de kommisje. It
is wol sa dat der beide kearen oanbestege wurde moat en beide kearen
hawwe jo net yn hânnen wa't der op dwaan sil. Hiel heech yn it findel
stiet de kwaliteit. Dochs sil der yn relaasje ta de kwaliteit ek nei de
priis sjoen wurde moatte. Ek by de no stopsetten oanbesteging wie der
gjin garânsje dat Boekema en Van der Krieke it op 'e nij wer tawezen
krije. It CW jout ek goede mooglikheden lytse doarpen te ûntsluten.
Der is besletten de yndikaasje noch te litten by de thússoarch, útsein
de yndikaasje foar djoere wente-oanpassingsIt giet nei syn gefoel der
op ta dat de minister ferplichtsje sil fan it RION gebrûk te meitsjen.
Mefrou Santema seit dat neffens har de ried net in beslút nommen hat om
de oanbesteging stop te setten. Sy is net oer it CW begûn om 't dat
neffens har noch yn de kommisje oan 'e oarder komt.
Mevrouw Van den Berg zegt dat wel bekend is wat europese aanbesteding
betekent. Het gaat haar er niet zozeer om dat de taxicombinatie het
vervoer houdt. Haar fractie heeft een indringend beroep op het college
gedaan om na te denken of niet de kwaliteit ter discussie staat. Naar
haar inzicht gaat het college echt de slechtste weg op.
Mefrou Veldstra seit dat yn 1993-1994 troch de 4 fraksjes oan wurke is
om meielkoar it ferfier yn eigen gemeente te hâlden. Kwaliteit stie
foar har foarop. Sy freget dit punt yn de earstfolgjende kommisje oan
'e oarder stellen.
Wethâlder Bijlsma seit dit ta. Der kin gjin garânsje jûn wurde dat de
taksikombinaasje fan no it WVG-ferfier hâldt. It stopsetten fan de pro-
seduere is it foech fan it kolleezje. De gunning is it foech fan de
ried. As de ried ek it foech hawwe wol oer al as net mei de provinsje
yn see oangeande it CW dan sil it kolleezje dat yn de ried bringe. De
oanbesteging fan it learlingenferfier giet gewoan troch.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
13. Utstel oer kliïntepartisipaasje ôfdieling sosjale saken.
Mefrou Veldstra seit dat der in goede opset is. De belutsenheid fan de
kliïnten sil fergrutte wurde troch de doelgroep der seis by te belûken.
Mefrou Wegman fynt dizze kliïntepartisipaasje in hiel goede saak. Har
fraksje hat de adfertinsje noch net sjoen. Hoe wurdt de werving oan-
pakt?
ried 18 april 2000/12