Gemeente BOARNSTERHIM Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 18 april 2000 om 20.00 yn it Riedhûs yn Grou. o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o- Oanwêzich: Ofwêzich: Foarsitter Siktaris: o-o-o-o-o-o-o de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder)R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de heren F.G. Aukes, J.A. van der Baan, A. Bijlsma (wethâlder)S.G. Janse, B. de Jong, H.A. Jonkers, A.P. Oosterhof (wethâlder)H.G. Postma, J. Roorda, J.H. Smit- tenberg en J. Zijlstra. de hear D. van der Meulen de hear Y. Dijkstra, de hear R.P. van der Starre. •o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o-o tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. Hy dielt mei dat de hear Van der Meulen behindere is de byienkomst by te wenj en Hy stelt oan'e oarder: 1. Zt beëdigjen fan de hear S.G. Janse ta riedslid fan de gemeente Boarn sterhim. De hear Janse leit yn hannen fan de foarsitter it ûnthjit fan suvering en it amtsûnthjit ôf. De foarsitter lokwinsket him mei dizze beëdiging en winsket de hear Janse in protte sukses yn syn wurk as riedslid fan de gemeente Boarn sterhim. 2It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 15 febrewaris en 14 maart 2000. De ferslagen wurde net feroare fêststeld. 3. Ynkommen stikken. Nûmer 4: Mefrou Wegman seit dat har fraksje him ôffreget oft de foarljochting oer it wurk fan de hierkommis jes wol foldwaande bekind is. Sy wol graach dêroer yn de kommisje prate. De foarsitter seit dit ta. Nûmer 6: De hear Janse freget wêrom dit ynkommen stik net deselde behanneling krijt as it beswierskrift by wurklistpunt 6. Wethâlder Oosterhof dielt mei dat de hear De Schiffart syn beswieren ynlutsen hat ried 18 april 2000/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 3