- 2 -
Númer 8:
De hear Zijlstra en mefrou Santema wolle de moasje graach yn de kommis-
j e besprekke
Wethâlder Oosterhof seit dit ta.
Nûmer 9:
Mefrou Veldstra wol graach yn de kommisje prate oer hoe't it no fierder
moat
Wethâlder Bij lsma seit dat de fuortgong fan de OSG in fêst punt is op
de wurklist. It muoit de gemeente en de wurkgroep dat it net slagge is
fierder te kommen mei Oostergoo. De wurkgroep heft himsels lykwols net
op. Der is ôfpraat it realisearjen fan in teatersaal by it gemeentehûs
te besjen.
Nûmer 10:
De heer Jonkers zegt dat het om de brug in de Garde Jagerswei gaatHet
blijkt dat een iets bredere brug wel 1,5 miljoen meer zou moeten kos
ten, dat is nog meer dan dat de brug van 3,5 meter kost. Hij vindt dat
op zijn minst wel vreemd.
Wethâlder Oosterhof seit dat der in ferliking mei de Tútsebrêge makke
is
Nûmer 11:
De heer De Jong is benieuwd naar de reactie van het college op het rap
port en die reactie zou hij graag in de commissie willen bespreken.
Nûmer 12:
Mefrou Santema wol dit stik graach yn de kommisje behannelje.
Wethâlder Bouma seit dit ta.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
4. Utstel oangeande tydlike húsfesting fan it gemeentlik apparaat.
De hear Roorda seit dat dit útstel by syn fraksje in dûbele réaksje op-
ropt. Oan 'e iene kant is dêr de oertsjûging dat der wat barre moat oan
de besteande húsfestingsproblemen. Oan de oare kant de hichte fan it
ynvestearringsbedrach. Mei de ûnderdielen feiligens en kommunikaasje
hat syn fraksje gjin muoite. It is posityf dat no ek de hierfariant op
tafel leit. Syn fraksje hie de ferwachting dat de nijbou fan it nije
gemeentekantoar op in ridlike termyn útein sette soe. Dat wie ek ien
fan de arguminten om te kiezen foar de lokaasje achter De Twine. As it
slagje soe gauer it nije gemeentehûs te bouwen soe it logysk wêze guon
ûnderdielen út dit útstel te heljen yn goed oerlis mei it personiel en
it finansjele foardiel soe dan brûkt wurde kinne foar ekstra fasilitei-
ten yn it nije kantoar foar de amtners. Ut it stappenplan docht lykwols
bliken dat it nije gemeentekantoar net foar septimber 2002 klear wêze
sil. Is it mooglik it kantoar op koartere termyn te realisearjen? Wêr
is de fertraging troch ûntstien? Komt dat troch de keppeling mei oare
saken sa as it swimbad, de sporthal en eventueel de teaterseal? Is it
net mooglik de bou fan it gemeentekantoar los te keppeljen fan al dizze
oare saken? Syn fraksje wol earst it antwurd fan it kolleezje ôfwachts-
je.
De hear Aukes seit dat der al lang mei it gemeentekantoar omtangele is
Eltse kear as it oan 'e oarder kaam wiene de mieningen nochal ferdield.
ried 18 april 2000/2