- 3 - No is der úteinlik in beslüt foar in nij gemeentekantoar nommen en no moat der ynienen tydlike húsfesting bykomme. Dêr is nea earder oer praat. Syn fraksje giet akkoart mei de útstellen foar feilichheid en kommunikaasje. Hy fynt it skandalich dat dêr de léste jierren neat oan dien is. No wurdt der in ynvestearring útsteld fan 6 7 ton. Measten- tiids is it sa dat healwei de bou fan in nij kantoar de earste tsjin- faller komt, hjir komt it earste lyk al út de kast foardat de bou fan it nije kantoar begûn is. Syn fraksje hat in hiele protte muoite mei en net sa folie wurdearring foar dit útstel. Hy seit dat it Riedhûs dochs ek bést brûkt wurde kin foar tydlike húsfesting. It liket in protte op in Ollie B Bommelferhaal dêr't jild gjin rol spilet. De hear Postma seit dat sa'n 6 jier lyn syn fraksje ynset hat op nije húsfesting foar it amtlik apparaat. Oanfankelik krige de fraksje gjin gehoar, letter wol. It kolleezje fan doe kaam ta de foarming fan in re serve húsfesting. Dat wie foar syn fraksje in positive stap foarút. Mar oardel jier letter seit it kolleezje dat de reserve húsfesting net mear nedich is. Aks je fan it personiel hat der foar soarge dat der gau wat ûndernommen wurde moast foar nije húsfesting. "Vertraging baart zorg" wiene de wurden fan de hear Roorda doe. Dat ynsjoch hie syn fraksje al folie langer. Dit proses leart dat it kolleezje en de ried de needsaak foar nije húsfesting net tidich ûnderkend hawwe. Hy konstatearret ek dat it kolleezje fersomme hat om it achterstallich ûnderhâld op 'e tiid te dwaan. Ek hat it kolleezje de ried ten ûnrjochte advisearre de be stemmingsreserve te beheinen. No docht bliken dat dat jild hiel bot ne dich is. No wurdt der wat dien oan tydlike húsfesting en ûnderhâld wylst de kearntakendiskusje noch net ôfrûne is. Yn de kommisje is be pleite oft it dochs net mooglik is om bygelyks de kantine te brûken as kantoarromte en de gearkomsten te hélden yn it Riedhûs. As de 3 ton kosten útsetten wurde oer 2 3 jier dan betsjut dat in kapitaalsferne- atiging fan in ton it jier wylst faak lytsere bedragen foar ferienings ensafuorthinne der net binne. Syn fraksje fynt dat der better fan te foaren neitocht wurde moat Mefrou Veldstra sprekt fan in tsjinfaller, te mear dêr't de ried him útsprutsen hat foar nijbou op sa koart mooglike termyn. Har fraksje freget it kolleezje sa gau mooglik in stappenplan foar it nije gemeen tekantoar foar te lizzen. Mei de oplossing oangeande de knipepunten feilichheid en kommunikaasje kin har fraksje ynstimme. Op oantrúnjen fan de kommisje hat it kolleezje tasein te besjen oft der ek oare moog- likheden dan keap binne. No komt it kolleezje mei de opsje om te hieren en dat is net weromkeppele nei de kommisje. Dat fynt har fraksje tige spitich. Sy wachtet earst it antwurd fan it kolleezje óf. Mevrouw Van den Berg zegt dat in het voorstel e pagina's lang positief over koop van kantoorunits wordt gesproken en toch stelt het college voor kantoorunits te huren. Op een ruime A4 wordt iets verteld over de huur en het blijkt dat die variant f 80.000,00 goedkoper is Han koop. Inhoudelijk verbaast het haar fractie dat het college zich zo snel heeft laten overhalen tot huur. De argumenten voor koop waren volgens haar zeer overtuigend. Als de kantoorunits gekocht worden kost dat ook f 300.000,00 maar beide bedrijven willen de units wel terugkopen voor ongeveer f 80.000,00. Verschil in werkelijke kosten is er dus niet. Haar fractie wil graag van het college horen waarom de argumenten voor koop zo snel zijn losgelaten. De foarsitter seit dat it kolleezje yn earste ynsténsje keas foar it keapjen fan kantoarunitsDer moat wat.oan tydlike húsfesting barre omt ried 18 april 2000/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 5