- 4 - it net slagje sil op hiel koarte termyn in nij kantoar te bouwen. Tyd- like húsfesting komt net as in duveltsje út in hege hoed. Der is al folie earder oer praten. Yn ús gemeente is al hiel wat óf praat oer de húsfesting en dat is gjin ekskuus om it noch mar hiel lang duorje te litten. Der is altiten wraksele mei de fraach oft der stevich ynveste- arre wurde moat yn de besteande húsfesting of dat der foar nijbou kea- zen wurde moat. De kar foar nijbou spilet al likernôch 4 jier. Dêrmei binne ek de paradoksale sitewaasjes te ferklearjen. Oan 'e iene kant de kar foar nijbou en oan de oare kant it besparjen op it ûnderhâld fan it besteande gebou. Doe't de definitive kar foar nijbou makke is is tage- lyk sein dat de kommende perioade oerbrêge wurde moast mei tydlike foarsjenningsIt kolleezje hat gefoelich west foar de arguminten yn de kommisje om te besykjen minder jild út te jaan oan tydlike húsfesting. Keap kostet op koarte termyn f 80.000,00 mear. Op koarte termyn is dus hieren foardieligerAs de ried dochs ta wol op keap wol it kolleezje dêr seker yn meigean. De winsk fan de ried mar ek fan it kolleezje is op sa koart mooglike termyn in nij kantoar bouwe te kinnen. Mar yn rea- listyske stappen útset docht bliken dat der feitlik mear tiid nedich is dan winske wurdt en dat komt troch bygelyks planprosedueres en de fi- nansjele sitewaasje. It kin echt net flugger. It byld dat de hear Aukes sketst dat oerheidsynvestearings altiten mear kostje dan de bedoeling ûnderskriuwt de foarsitter net. Der binne ek sitewaasje dat alles bin nen de begrutting bliuwt. It kolleezje hechtet deroan om it mei it beskikber stelde jild te dwaan. Ollie B. Bommelachtich gedrach is fier fan it kolleezje. De histoaryske skets fan de hear Postma kin net be- striiden wurde. Der leit in hiel serieus útstel fan it kolleezje. Yn it dossier ûnder dit útstel is ek de hier fan oare kantoarromten en it better brûken fan it gebou oan 'e oarder west. It kolleezje sjocht gjin oare kâns dan yn it útstel oanjûn is om de tsjinstferliening en de wurkplakken fan de amtners te ferbetterjen. Wethâlder Bouma seit dat it kolleezje ek graach gauer it nije kantoar hawwe woe. De minimale termyn is 2 jier en dêrom moat der no seker wat oan tydlike húsfesting dien wurde. Wethâlder Oosterhof seit dat der praten is oer achterstallich ûnder- hâld. As it doel nijbou is dan wurdt al gau it ûnderhâld beheind. Guon saken kinne gjin ústel lije en binne ek wol deeglik oanpakt. De hear Aukes seit dat de beantwurding fan it kolleezje wol dúdlik is. Mar tydlike foarsjennings wurde op ferskillende wize ynterpretearre Syn fraksje hie alhiel net tocht oan 6 7 ton oan kosten, mar oan by gelyks 0,5 1 ton. It is ûnsoarchfâldich dat dit bedrach net earder melden is De hear Roorda seit dat syn fraksje it iens is dat der sa gau mooglik in nij kantoar komme moat. Hy freget oft loskeppeling fan de oare ûn- derdielen fan de plannen, sa as swimbad en sporthal, ek mooglik is. Hieren is dan wol de goedkeapste opsje mar as der beswieren as fertra- ging troch de keppeling komme is al gau it omslachpunt berikt dat keap goedkeaper wurdt. De hear Postma freget oft it no eins oer de tiidsplanning giet. De foarsitter seit dat de tiidsplanning yn de kommisje oan 'e oarder komt ried 18 april 2000/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 6