Wethâlder Oosterhof seit dat der 11 begraafplakken eigendom fan de gemeente binne. Dêr binne ek in tal by dy't om in tsjerke hinne lizze. It opknappen fan it hekwurk yn Jirnsum wurdt yn de begrut- ting 2001 yn de reguliere oeren ûnderhâld meinommen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 10. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ûnderhâld fan brêgen. De hear Postma seit dat syn fraksje ynstimt mei it útstel. Yn de begrutting is struktureel in bedrach fan fraksje 50.000,00 opnommen foar ûnderhâld. No wurdt mei dat jild achterstallich ûnderhâld ynhelle. Dan bliuwt der mar in bytsje oer foar regulier ûnderhâld. De subsydzje sil wierskynlik út it 5B-programma komme, net út it Kompas voor het Noorden. Wethâlder Oosterhof seit dat it reguliere ûnderhâld wol bart. Yn de mearjierrenbegrutting is in be drach foar ûnderhâld opnommen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 11Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar rekonstruksje fan de brêge Wijde Steeg yn Ak- krum. De hear Zijlstra freget hoe't yn de takomst tefoaren kommen wurde kin dat der ûngelokken barre. Is it net ferstannich it swiere ferkear om te lieden? Wethâlder Oosterhof seit dat de brêge sa makke wurdt dat der behoarlik swier ferkear oerhinne kinne. Dizze brêge hat ommers in grut achterlân. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12. Utstel ta it fêststellen fan de koepelnotysje Wenplannen Stedsgewest Ljouwert. De hear Janse seit dat syn fraksje him fine kin yn de notysje, útsein it bûtenpleatswenjen. Lokkich giet de notysje dêr ek fierder net op yn. Hy kin him aardich fine yn de foarrang foar eigen ynwen- ners foar de nije keapwenten. Syn fraksje is ek fan betinken dat der gjin ekstra wenten mear oan Meinga en Boarnstee taskikt wurde moatte. De hear Postma seit dat de notysje in hiel heech abstraksjenivo hat. Der wurdt besocht mei in skynnaukeurichheid wengebieten oan te jaan en it gebiet wurdt besocht oan te jaan hokfoar elemin- ten der in rol spylje, sa as lifestyle, lânskip, kwaliteit en ynfrastruktuer. 2010 is noch in hiel skoft fuort. In part fan it ferhaal is lykwols basearre op trends en de gedachte dat Ljouwert sterk makke wurde moat. Dizze koepelnotysje is ek de basis foar de tadieling fan 3200 wenten, wêrfan 960 foar it stedsgewest. As dit goed beskôge wurdt kin dit wolris in harnas wêze dat letter goed knelle kin. As hy it kolleezjewurkprogramma derby hellet, dêr't omtinken frege wurdt foar wenjen foar se- nioaren en handikapten en jongerein en it folkshúsfestingsplan dat sprekt oer de kwaliteit fan it so- sjale wenteboubesit, dan fyn hy dêr neat fan werom yn de koepelnotysje. Hy konstatearret dat de gemeente Ljouwert in hiele grutte werstrukturearingsopjefte ynbrocht hat. Dat mist no krekt foar ús gemeente yn de koepelnotysje. Syn fraksje hat in grutte eangst dat Boarnsterhim aanst dêrop ôf- rekkene wurdt De heer Smittenberg zegt dat het een prachtig stuk is. Met eerst veel aandacht voor stijlen van wonen in de nieuwbouwsector. Hij heeft het gevoel dat het landelijke wonen nogal betuttelend wordt beschreven. Dit ontkent volstrekt het feit dat autochtone bewoners ook graag landelijk willen blijven wonen. In het gemeentelijke woonplan zal er voldoende aandacht moeten zijn voor het bou wen van enkele woningen in de kleine kernen. Er is sprake van de mogelijkheid van voorrangsposi tie van de eigen inwoners bij uitgifte van grond. Hoe denkt men dat te realiseren? Het lijkt hem leuk Side 3 ried 1 7 oktober 2000/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2000 | | pagina 19