De foarsitter seit dat it grize gebiet ek goed benutten wurde kin, by de kwalitative en kwantitative
evaluaasje yn 2004.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
13. Utstel ta it fêststellen fan it jierferslach learplichtwet.
De heer Smittenberg zegt dat het een buitengewoon helder en goed opgezet verslag is. Het is in
het belang van de jeugd dat de leerplichtambtenaar goed haar werk kan doen. Hij is blij dat het col
lege zoveel mogelijk de aanbevelingen wil volgen. Hij vraagt of de aangekondigde uitbreiding voor
deze taak binnen de bestaande formatie kan worden gevonden of dat daar bij de begroting nog in
vulling aan moet worden gegeven.
De hear Janse seit dat syn fraksje fêststelt dat de wethâlder en syn amtners de saken op ûnder-
wiismêd aardich op streken hawwe. Dit jierferslach learplichtwet is ien fan de earsten fan de Fryske
gemeenten. Hy hopet dan ek dat it ryk dit learplichtbelied net frustrearret troch te min jild beskikber
te stellen. It ryk moat syn taak serieus nimmen en 100% finansiere.
Mefrou Wegman jout út namme fan har fraksje in komplimint foar it ferslach. De learplichtamtner
hat har wurk goed dien. Har fraksje stiet achter it útstel om hjir formaasjeromte foar op te nimmen.
Mar dêr binne we der noch net mei. Terjochte stiet der yn de oanbefellings dat der relaasjes lein
wurde moatte tusken de gegevens út de learplichtregistraasje en it lokale ûnderwiisbelied. It lokale
ûnderwiisachterstânnenbelied, de aktitiveiten fan de Wiw en it wolwêzensbelied. Har fraksje sjocht
graach útstellen oangeande it lokale sosjale belied yn de kommisje temjitte.
Mefrou Santema jout ek in komplimint foar dizze startnotysje. Yn it riedsútstel stiet dat yn de rieds-
kommisje sprutsen is oer in strukturele útwreiding. Sy mient dat der sein is dat de 16 oeren struk-
tureel wurde moatte. Har fraksje is noch net safier dat der in folslein formaasjeplak foar lear
plichtamtner komme moatte soe.
Wethâlder Bijlsma seit dat hy de wurdearjende wurden oerbringe sil. Ek it kolleezje is bliid mei dit
goede, folsleine jierferslach 1999, tegearre mei de gemeente Achtkarspelen as earsten yn Fryslân.
De learplichtamtner, mefrou Visser, is op in wurkûnderfiningsplak tydlik by de gemeente yn tsjinst
oant 1 jannewaris 2001Fanôf 1 jannewaris 2001 wurdt útsteld it hanthavenjen fan de learplicht
struktureel yn te foljen foar 16 oeren, sa mooglik noch in pear oeren mear. Dat wurdt opfongen
binnen in werferdieling fan taken, funksjes en oeren. As der dochs noch mear oeren by komme
moatte soene dan komt it kolleezje wer werom nei de ried. It jierferslach jout in ridlik goed byld fan
de learlingen fan 4 oantemei 17 jier. It is de bedoeling dat út te wreidzjen nei learlingen oant 23 jier
en dêrtroch in oansluting te krijen by it lokaal ûnderwiisjeugdbelied. Yn dat ûnderwiisjeugdbelied
wurdt ek in sosjale paragraaf opnommen. Op dit momint wurdt der noch net wurke oan in sosjaal
beliedsplan. Mooglik dat dat der yn de takomst nochris fan komt.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
14. Utstel ta it fieren fan ferwar.
Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten.
De foarsitter slút om 21.10 oere de gearkomste. Hy betanket de leden fan de ried foar harren by-
drage oan diskusje en beslútfoarming. Hy winsket eltsenien wol thús.
Side 5
ried 17 oktober 2000/absh/5