gemeente
BOARNSTERHIM
U T STEL
Gearkomste
Agindapunt
Portefúljehâlder
Ynformaasje by
21 novimber 2000
13.
wethâlderA. Bijlsma
P. Engelsma
Grou, 3 novimber 2000.
Oan de gemeenteried
Underwerp:
Besteegjen Wvg reserve
Utstel:
1Meitsje Riedhûs oan' e Stasjonswei yn Grou tagonklik foar handikapten
2. Lis toiletfersjennings foar handikapte bern oan op skoallen
3. Meitsje skoallen rolstoel tagonklik
4. pleats rêstbanken yn ferskate doarpen
5. nim knipepunten foar handikapten wei
6. wurkje algemien handikaptenbelied fierder út
7. helje f 1.064.500,00 út Wvg reserve om punten 1 oant en mei 6 te finansieren
8. hâldt de oerbliuwende reserve f 209.500,00) as egalisaasje reserve oan
Ynlieding:
Op 14 desimber 1999 hat it kolleezje oan e Ried foarsteld om yn it jier 2000 neiere foarstellen te
dwaan oer it besteegjen fan de Wvg reserve, dy' t in 1994 en 1995 opboud is.
Dizze reserve bedraacht op 1 jannewaris 2000 f 1.489.000,00. Hjirfan wurdt f 215.000,00 be-
stege foar it útwreidzjen fan it Wvg fersjenningsnivo yn de perioade 2001-2006.
Foar dit útstel bliuwt f 1.274.000,00 oer.
Arguminten:
1It Riedhûs is min tagonklik foar handikapten
Yn ôfwachtsjen fan de lokaasje fan it nije gemeentehûs is yn 1997 besletten in tydlike foarsjen-
ning oan te skaffen foar it tagonklik meitsjen fan it Riedhûs. Yndertiid is de skalamobyl oanskaft.
No' t in beslút naam is oer de lokaasje fan it nije gemeentehûs en it Riedhûs foar represintaasje be-
skikber bliuwt moat der in goeie oplossing komme foar de tagonklikens fan it gebou, troch in lift
oan te lizzen.
2. in tal skoallen yn e gemeente hat gjin toiletfersjennings foar handikapte bern.
De measte skoallen yn ús gemeente binne net fersjoen fan in toilet foar in handikapt bern. No' t
bern mei in handikap langer yn de eigen omjouwing nei skoalle geane moatte skoallen fersjoen
wurde fan in handikaptentoilet. It ûntbrekken derfan soe reden wêze kinne om in bern net nei de
skoalle yn it eigen doarp gean litte te kinnen. Yn it ramt fan Weer samen naar school" is de oan-
wêzichheid fan goeie fersjennings yn' e skoalle needsakelik
Wvg besteding reserve advies/szpe/1