Side 3
5. Moatte knipepunten net út beskikber ûnderhâldsbudzjet betelle wurde
Knipepunten wurde meastentiids oanpakt as der neffens planning regulier ûnderhâldswurk dien
wurde moat of as der doarpsfernijing oan' e oarder is. Der binne ek knipepunten, dy' t de kommen-
de jierren net oanpakt wurde, as dêr gjin ekstca middels foar beskikber komme. Dêrneist bestiet de
mooglikheid dat yn nije projekten te min rekken holden is mei de brûkberens foar handikapten.
Troch ynset fan Wvg reserve kin needsaaklike foarsjennings daliks yn it wurk meinaam wurde.
Troch de ynset fan de Wvg reserve ûntstiet de mooglikheid om knipepunten, nei toetsen troch de
klankboerdgroep, mei-iens oan te pakken. De klankboerdgroep sil der op tasjen dat it knipepunt net
op koarte termyn (binnen 3 jier) troch in oar regulier ûnderhâldswurk oanpakt wurdt.
Finânsjes:
De kosten fan it útfieren fan de punten 1 oant en mei 6 fan dit útstel wurde rûze op
f 1.064.500,00. (sjoch bylage 2 en 3). Dit betsjut dat der in egalisaasjereserve ûntstiet fan
209.500,00. De beslútfoarming oer it besteegjen fan de egalisaasjereserve is oan de Ried
Utfiering:
De útfiering fan de plannen sil yn oerlis mei de klankboerdgroep handikaptenbelied, de meiwurkers
fan de gemeentlike ôfdieling Behear en Underhâld" en oare belangen behertigers, sa as de kommis-
jes foar doarsbehear, plak fine.
Kommunikaasje:
Kommunikaasje oer dit Onderwerp fynt plak
1mei deklankboerdgroep handikaptenbelied"
2. mei alle belutsen meiwurkers fan de gemeentlike organisaasje
3. mei de ferienigings fan Doarpsbelangen en de Doarpsbehearen
4. mei oare belanghawwenden fia Op e Hichte"
Riedskommisje:
De Riedskommisje W.O.K. hie de folgjende opmerkings oer dit útstel
1binne der oare mooglikheden om de ferskate projekten te finansieren.
2. hoe sit it no krekt mei de klankboerdgroep en wat is de gearstalling fan dizze groep
3. hoe stiet it mei it algemien handikaptenbelied.
Op dizze fragen is by de argumintaasje en by de kanttekenings in antwurd jûn.
Herders reagearre de kommisje oerwagend posityf op dit útstel en is der gjin oanlieding om wizi-
lings oan te bringen.
'eistjoerd:
lage 1 konklúzjes en oanbefellings út it rapport S.G.B.O.
'age 2 oersjoch besteging Wvg reserve
age 3 oersjoch fan ferwachte besteging yn it ramt fan it algemien handikaptenbelied
\ge 4 totaal oersjoch fan de bestegings
esjen lizzende stikken
It folsleine SGBO rapport
Brief fan Wvg platfoarm fan 18 maaie 2000
1 reserve advies/szpe/3