Side 6
Wethâlder Qnstprhnf seit dat de ynfoltekening gjin diel útmakket fan it beslút.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. De fraksjes fan C.D.A. en
D66 wurde achte tsjinstimd te hawwen.
6. Utstel ta it nimmen fan in delegaasjebeslút yn ferbân mei it wizigjen fan de Wet op de Romtelike
Oardering.
De fnarsitter seit dat de ried altiten oer elts plan prate kin, as de ried dat wol.
De hear 7ijktra hopet dat it kolleezje goed mei it fertrouwen dat yn dit útstel jûn wurdt, omgean sil.
De hear .lansp seit dat syn fraksje akkoart gean kin as yn dit utstel ûnderbeleidsdocument net in
struktuerfisy as -skets bedoeld wurdt. Dit útstel hat ek syn stipe om 't oars prosedueres fierstente
lang duorje en dat wol hy de boargers net oandwaan. As twadde argumint jildt dat de ried it belied
fêststelt en kontrolearret en dat it kolleezje it útfiert. Net akkoart gean mei dit útstel soe ek nochal
in protte ekstra wurk foar de ried betekenje.
Wethâlder Qnstprhnf seit dat ûnder beliedsdokuminten net struktuerfisy's as sketsen bedoeld wur
de.
Beliedsdokuminten binne dokuminten mei rjochtsgefolgen seit de foarsitter en in struktuerplan is in
hiel oar soart dokumint.
Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten.
7. Utstel oangeande rekonstruksje en oanlis riolearing Douwemastijitte yn Jirsum.
De hear .lansp seit dat syn fraksje bliid is dat de Douwemastrjitte no einliks in kear oanpakt wurdt.
Syn fraksje kin foar dizze kear oer de wize fan oanbesteging hinne stappe, al sil dat al in kear oars
moatte: iepenbier oanbesteegje.
Mefrou fiantpma is tige bliid dat der eins in kear wat bart. Har fraksje hat lykwols beswier tsjin de
wize fan oanbesteging. Der wurdt wer net iepenbier oanbestege. Sy sil tsjinstimme inkeld om de
wize fan oanbesteegjen, om 't sa oannimmers bûten de boat falie.
De hear Pnstma seit dat ek syn fraksje al faker wat fan it oanbestegingsbelied sein hat. Foar de lés
te kear sil syn fraksje net tsjin dit útstel, mei in net iepenbiere oanbesteging, stimme. As it wer bart
sil hy in "reade kaart" útdiele. De omskriuwing "egalisatiefonds riolering bestiet net.
Wethâlder Dnstprhnf seit dat it oanbestegingsbelied yn oktober as novimber yn de kommisje be-
hannele wurde sil. Ek sjoen de tiid hat it kolleezje miend ien oannimmer te freegjen. Der wurdt in
soad mei ûnderoannimmers wurke dat sadwaande krije der meardere oannimmers wurk.
De hear Pnstma seit dat de krekte omskriuwing "reserve renovatie riolering" is, sa stiet it ek yn de
jierrekken.
Wet hélder nnstprhnf seit dat de hear Postma gelyk hat en it beslút sil yn dy sin oanpast wurde.
De hear 7ijktra seit dat syn fraksje it útstel stipet. De wethélder hat syn fraksje oertsjûge dat de
oanbesteging op de best mooglike wize plakfynt. Hy begrypt net dat de wethélder dat net oprêden
hat by syn eigen fraksje.
ried 19 septimber 2000/6