Side 8 raadsbesluit aan ten grondslag moet liggen. De foarsitter seit dat it kolleezje al in tasizzing yn dy rjochting dien hat. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 12. Utstel oangeande it beliedsplan sosjale saken 2001. De hear G. de Jong seit dat in sjochwize fan amtners by it beliedsplan sosjale aktivearing op besjen lei. Hy fynt dat net in goede saak, sjoen de ferûntrêstende ynformaasje dy't dêr yn stiet. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje dit in dúdlik ferhaal fynt. Sy hopet dat de útfiering slagje mei, nettsjinsteande it hege ambysjenivo. De hear B. de Jong slút him oan by de wurden fan mefrou Veldstra. Hy wol ek de kliïnteried tank- sizze foar de wize wêrop dy reagearre hat yn it koart skoftke tiid. Wethâlder Bouma seit dat de opmerking fan de hear G. de Jong útsocht wurde sil. Foar it oare is sy it folslein iens mei de wurden fan de leden B. de Jong en Veldstra. Wethâlder Bijlsma seit dat it beliedsplan wiidweidich mei de kliïnteried trochnommen is. Der binne ôfspraken makke oer harren belutsenheid by de CWI-foarming en oer in goede foarljochting. Der is ek ôfpraten dat der ûndersyk dien wurde sil nei it net brûken fan de foarsjennings troch de âlderein yn Boarnsterhim. Oer de útfiering dêrfan komt it kolleezje noch yn 2001 mei útstellen. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it utstel besletten. De leden Aukes en Zijlstra binne ûnder de beslútfoarming net oanwêzich yn de riedseal. 13. Utstel ta útfiering Wiw-tsjinstbetrekkingen en ID banen 2001. Mefrou Santema seit dat wethâlder Bouma yn it bestjoer sit fan de Stichting Werkwijzer. Sy hat al earder mei klam fersocht dat wethâlder Bouma út it stichtingsbestjoer gean soe om ferstrengeling fan belangen tefoaren te kommen. Yn de kommisje hie blykber net eltsenien yn 'e gaten hoe't alles krekt ynelkoar sit. Wethâlder Bouma seit dat der yn 'e kommisje goed útlein is hoe't it sit. Der bestiet in ynkeaprelaas- je mei de Stichting Werkwijzer en der binne al fanôf 1998 ôfspraken mei de stichting. Oft dizze wethâlder no al as net yn dit bestjoer sit makket neat út. It kolleezje docht in útstel en wurdt man- datearre foar it sluten fan in oerienkomst. Sy fynt it spitich dat mefrou Santema hjir no wer op we- romkomt. Sy hat ek net it gefoel dat de miening fan mefrou Santema dield wurdt troch de ried. Sy sit op persoanlike titel yn it bestjoer fan de stichting. De hear Janse seit dat hy it korrekter fûn hie as in oar lid fan it kolleezje dit punt behannele hie. Mefrou Santema seit dat har fraksje fynt dat der net in wethâlder yn it bestjoer sitte kin fan in stichting dêr't de gemeente in ynkeaprelaasje mei hat. De heer B. de Jong stoort zich aan de insinuerende woorden van mevrouw Santema. Zij wekt de indruk dat er sprake zou zijn van belangenverstrengeling. In de commissie is duidelijk geworden dat daar absoluut geen sprake van is. Ten tweede wekt zij de indruk dat de (plaatsvervangende) leden van de commissie niet in staat zouden zijn de mening van de partijen weer te geven. notulen 19dec2000/bzsb /8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 10