Side 10 De oanbesteging fan it learlingeferfier is wiidweidich mei Arriva bepraten. Utgongspunt is de kwali teit dy t Arriva ús biede kin, ûnôfhinklik fan eventuele ûnderoanbesteging. De rittiiden bliuwe foar de âlders wakker gelyk en dat is ek mei de wurkgroep learlingeferfier ôfpraten. Ek is ôfpraten dat de wurkgroep learlingeferfier de status krijt fan in kliïnteried learlingeferfier. Mevrouw Van den Berg zegt dat het hier duidelijk gaat over de aanpassing van de verordening en niet meer over de aanbesteding. Ouders krijgen een betere kwaliteit aangeboden. Het "wakker ge lyk" kan volgens haar niet meer op gaan. Wethâlder Bijlsma seit dat hy mei "wakker gelyk" tsjutte op de rittiiden en it ritskema. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 16. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it ûntwikkeljen fan in gemeentlike ynternetside. De hear Aukes seit dat syn fraksje wakker ynnommen is mei dit útstel om Boarnsterhim op Internet te setten. Mar doe't hy it utstel fierder lies kaam nei foaren dat it wol f 50.000,00 kostet en dat is in hiel grut bedrach. De hear Roorda freget him óf oft 2 jannewaris 2001 wol helle wurdt. Hy fynt it tige posityf dat de Fryske taal brûkt wurdt op de ynternetside. Hy docht ek de suggestje om yn elts doarp in komjûter del te setten foar de minsken dy't thús noch net it ynternet op kinne. Hy is benijd nei de réaksje fan it kolleezje. De heer Jonkers zegt dat de gemeente er wel helemaal bij hoort met een internetsite,maar alleen dat is niet voldoende. Wat hij ontbeert is dat er geen doelstellingen zijn geformuleerd. Internet is niet anders dan een middel om te communiceren en 80% van de mensen gebruikt het Internet nog niet. Gebruik van Internet wordt pas echt interessant als men ook zijn paspoort en rijbewijs via In ternet kan aanvragen en betalen. Als de site van Boarnsterhim ingezet wordt voor de verbetering van de dienstverlening aan de burgers en er in elk dorp ten minste één configuratie staat waar iede reen gebruik van kan maken dan is er sprake van toegevoegde waarde. De hear Postma nimt plak. Mefrou Veldstra fynt it fral posityf dat de ynternetside twatalich is. Om yn elts doarp in kompjûter te hawwen foar algemien gebrûk liket har in hiel goed idee. It is ek posityf dat de politike partijen in oanbod krigen hawwen om gebrûk te meitsjen fan de ynternetside fan Boarnsterhim. De foarsitter seit dat it altiten goed is dat der relativearjende lûden te hearren binne om't der gjin oerdreaune ferwachting fan Boarnsterhim op Internet wêze moat. In goede, aktuele ynternetside te meitsjen kostet wol in protte jild. Mar dat is wol de muoite wurdich. De ynternitside moat groeie en dêrom is it ek wichtich dat der it kommende jier in tal kear yn de kommisje oer praten wurde sil. De side moat ek aktueel wêze yn it ramt fan de tsjinstferliening. Der kin starten wurde op 2 jannewaris 2001. De hear Aukes freget nochris hoe it kolleezje oan f 50.000,00 komt. De hear Van der Meulen tinkt dat f 50.000,00 op termyn fierstente min wêze sil. Dit is neffens him de earste oanset ta in bettere serviceferliening oan de ynwenners, bygelyks it folgje kinnen fan in bou-oanfraach. De mooglikheden binne ek foar Boarnsterhim ûnbegrinze. notulen 19dec2000/bzsh /10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 12