De foarsitter seit dat it gearstallen fan dizze ynternetside in protte jild kostet. Wy dogge dat seis; as it útbestege wurdt, kostet it noch mear. Om de ynternetside by de tiid te hâlden en eltse wike fan nije ynformaasje te foarsjen sil der noch wol hiel wat barre moatte. It is ek bést mooglik dat dat noch mear jild kostet. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 17. Utstel ta in technyske oanpassing fan de belestingferoardering. Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 18. Inisjatyfútstel oangeande kommunikaasje oer de Steandemêst-rûte. De foarsitter seit dat de ried earst beslute moat oer de fraach oft dit útstel no behannele wurde moat. It kolleezje hat it útstel dien dit inisjatyf-útstel te belûken by de ynhâldlike diskusje yn de kommisje op 8 jannewaris en de ried fan 20 febrewaris. De heer Smittenberg zegt dat de fracties niet voor niets een voorstel over communicatie betreffen de de Staandemast-route hebben gedaan. Eerst moet er gediscussieerd worden over dit voorstel voordat er over de inhoud kan worden gesproken. Van een combinatie kan volgens hem geen spra ke zijn. Hij vindt dat het initiatiefvoorstel nu behandeld moet worden. Mevrouw Van den Berg is het eens met de heer Smittenberg. Ook haar fractie vindt dat eerst de bestuurlijke verhouding tussen college en raad besproken moet worden voordat er inhoudelijk over de stukken kan worden gesproken. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje it útstel fan it kolleezje stipet. De hear Aukes seit dat syn fraksje tinkt dat de ried mar ek it kolleezje rjocht hawwe op behanneling fan it inisjatyf-útstel. Dit moat net noch in moanne lizzen bliuwe. Syn fraksje wol no oer de kom munikaasje prate. Mefrou Veldstra seit dat har fraksje ek wol dat dit inisjatyf-útstel op 8 jannewaris by de ynhâldlike behanneling belutsen wurde moat. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie de laatste mening niet deelt. Procedure en inhoud van de zaak zijn dermate verschilend dat er nu over de communicatie gesproken kan worden en in januari over de inhoud van de zaak. De hear Janse seit dat de foarljochting troch it kolleezje him hiel raar oer it mot kommen is. De foarsitter seit dat de hear Janse dêrmei in foarskot nimt op de diskusje oer de kommunikaasje en datkin net. Wetlfâlder Bouma seit dat it útstel fan it kolleezje foldocht oan de winsk fan de ried. Wethâlder Oosterhof seit dat hy it útstel fan it kolleezje stipet. Wethâlder Bijlsma tinkt dat de proseduere net los te meitsjen is fan de ynhâld. Dêrom stipet hy it utstel fan it kolleezje. De foarsitter seit dat it rjocht fan inisjatyf dat de ried hat hiel wichtich is. Om't it ien net los te meitsjen is fan it oare tinkt it kolleezje dat in behanneling yn ien kear op 8 jannewaris de foarkar fertsjinnet. Side 11 notulen 19dec2000/bzsh /11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 13