De heer Jonkers vraagt om dit schrijven nog een keer in de commissie te behandelen. Wethâlder Bouma seit dat it by de behanneling fan it bestimmingsplan Akkrum-kom yn de kommisje behannele wurde sil. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 3. Utstel oangeande gevelisolaasje raillist Akkrum. De heer Smitten berg merkt op dat de omschrijving van het voorstel niet klopt. Het is toch het col lege dat de opdracht verstrekt aan Van der Sluis De Haan BV. De hear Janse seit dat it proses-verbaal net by it útstel foege wie. In proses-verbaal is in iepenbier stik en hîë~gëwoan, net fertroulik, as bylage meistjoerd wurde kinne en op besjen lizze moatten. De hear Aukes is it hjir mei iens. Allinne bedriuwen út de eigen gemeente útnoegje liket op protek- sje en dat docht de eigen bedriuwen yn de gemeente gjin goed. By de kanttekening 3.1. merket hy op dat bedriuwen seis wol útmeitsje kinne oft in projekt te detailleare is en oft hy ynskriuwe wol. Wethâlder Oosterhof seit dat de redaksje fan it útstel net hielendal krekt is. De ried moat wol in be- drach beskikber stelle. De opdracht wurdt fersoarge troch it kolleezje. Hy sil der op tasjen dat yn de takomst it proses-verbaal wol op besjen lein wurdt. Proteksje is wol in hiel grut wurd. It is wol fer- stannich dat de eigen bedriuwen meidwaan kinne. It giet hjir om hiel sekuer wurk en dêrom binne der ek net tefolle bedriuwen útnoege. De foarsitter seit dat yn bredere sin noch op de foarm fan de útstellen weromkommen wurde sil. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 4. Utstel dielnimmersoerienkomst Paper Recycling Nederland. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 5. Utstel oer it festigjen fan in kapsalon yn Wergea. De hear Postma seit dat it ynteressant is om te witten wat it kolleezje útstelle soe as it gean soe om in hûnetrimsalon; dy hat in agrarysk karakter en past dus yn it bûtengebiet. En dan kin jo jo ôf- freegje wat it ferskil is tusken in hûnekapsalon en in dameskapsalon. Syn fraksje fynt dat as der yn it bûtengebiet yn besteande pannen aktiviteiten ûntploait wurde dy't de direkte omjouwing net be- lêste, dat mooglik wêze moat. Syn fraksje fynt dat der wol meiwurking ferliend wurde moat. De heer Smittenberg vindt dat in de commissie gepraat zou moeten worden over de vraag hoe om te gaan met dit soort bedrijvigheid in het buitengebied in het algemeen. Het is niet juist om nu met een pennenstreek kapsalons toe te voegen; er zijn misschien wel meer functies binnenshuis te be denken die het buitengebied geen schade doen. Hij herinnert er aan dat de raad kortgeleden heeft vastgesteld dat een bordeel niet in de dorpen maar juist in het buitengebied hoort, terwijl dat toch niet een typisch agrarische functie is. Hij ziet het liefst dat het college het voorstel terugneemt. Zo niet, dan is hij tegen het voorstel om de kapsalon af te wijzen. De hear Janse seit dat syn fraksje ta de konklúzje kommen is dat dizze kapsalon gjin skea docht oan it bûtengebiet. Hy is it iens mei de wurden fan de hear Smittenberg. De hear Aukes kin him oanslute by de foargeande sprekkers. not 16-01 -2001 /absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 16