De hear Zijlstra seit dat de kommisje hiel dúdlik wie yn syn advys. No't de lânpriizen omheech flea- ne en dêrmei de hier en erfpachten wurdt it foar lytse boeren hyltiten dreger in bestean op te bou wen. It is dan wol dúdlik dat der wat byfertsjinne wurde moat. Syn fraksje fynt dat de mooglikheid om in kapsalon te fêstigjen yn it bûtengebiet opnommen wurde moat yn it rychje. De hear Van der Meulen seit dat dizze mefrou de kapsalon netsjes oanfrege hat. Hoefolle festigin- gen fan "illegale" kapsalons binne der wol net. Syn fraksje wol dit fersyk honorearje. Wethâlder Oosterhof seit dat it kolleezje fan betinken is dat it bûtengebiet der foar de agraryske sektor is. In kapsalon is in miljeugefoelich bedriuw. As kapsalons tastien wurde yn it bûtengebiet dan krijt it bestimmingsplan bûtengebiet der in dimensy by en dat wol it kolleezje net. Foar in kapsalon sil gjin miljeufergunning nedich wêze, mar der sil wol in melding dien wurde moatte. It kolleezje is ree it útstel werom te nimmen foar in behanneling yn de kommisje. De heer Smittenberg vraagt hoe het zit met de milieugevoeligheid van een kapsalon. Als de raad het voorstel afwijst, wat gebeurt er dan? Wethâlder Oosterhof seit dat as de ried it útstel ôfwiist, der in presedint skepen wurdt foar oare bedriuwen. De miljeugefoelichheid hat der mei te krijen dat troch bepaalde stoffen út in kapsalon wei der ferkearde gemyske réaksjes ûntstean kinne. De foarsitter seit dat as de ried earst noch yn de kommisje prate wol oer de konsekwinsjes it útstel oanhâlden wurde moat. Dat is ek it útstel fan de hear Smittenberg. Hy freget de ried nei syn miening. De foarsitter konstatearret dat, útsein de trije wethâlders, de ried wol dat it útstel earst noch wer yn de kommisje behannele wurde sil. It útstel wurdt dêrom oanhâlden. 6. Utstel oangeande de bestjoersopdracht Nota Lokaal Sûnensbelied. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it utstel besletten. 7. Utstel oangeande koartrinnende finansiering foar it jier 2001. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 8. Utstel oangeande fêste jildlienings. Sûnder diskusje en persoanlike stimming wurdt der neffens it útstel besletten. 9. Moasje oangeande de stúdzje Frysk oan 'e universiteit fan Amsterdam. De hear Janse jout in taljochting op de moasje. De stúdzje Frysk is, dat sprekt fansels, tige wichtich en benammen oan de universiteit fan Amsterdam. Studinten út Fryslân kieze faak it Frysk as byfak. Yn Amsterdam en omkriten binne in protte universiteiten en fan dêrút leit Amsterdam moai yn 'e buert om in stúdzje Frysk op te pakken. Oan twa universiteiten Frysk studeare te kinnen befruchtet it elkoar ek. Dan is it ek noch sa dat yn it bûtenlân op hyltiten mear plakken Frysk studearre wurde kin. Dan soe it dochs skande wêze as der yn Nederlân op mar ien plak Frysk studearre wurde kin. De Fryske Akademy en it Frysk Letterkundich museum hawwe al protest oantekene. Hy fynt dat ek fan út de befolking wei der stipe wêze moat en dêrfandinne dat hy dizze moasje yntsjinnet. Wethâlder Bijlsma seit dat it kolleezje ynstimme kin mei dizze moasje om sa omtinken te freegjen foar de posysje fan de stúdzje Frysk oan 'e universiteit fan Amsterdam. not 16-01-2001/absh/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 17