Wethâlder Bijlsma seit dat hy ek al yn de kommisje oanjûn hat dat it net it foech fan it kolleezje is om huisdokters te twingen thúsbefallings te dwaan. Wat it kolleezje dwaan kin, is omtinken foar it probleem freegje en mooglik helpe om ta in oplossing te kommen. Yn de kommisje is tasein dat der mei de dokters praten wurde sil. It kolleezje fynt dizze moasje eins ek wol oerstallich mar as de ried de moasje ûnderskriuwt dan sjocht hy dat as in befestiging fan 'e tasizzing. De hear Van der Meulen seit dat it doel fan 'e moasje is it kolleezje oan te setten ta aksje. Dat is bard, dus is de moasje oerstallich. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie niet tegen de motie is maar de motie is niet nodig, omdat er al toezeggingen zijn gedaan. De foarsitter stelt út ta stimming oer te gean. Nei de persoanlike stimming docht bliken dat de moasje mei 10 stimmen foar en 5 tsjin oannom- men is. Tsjinstimd hawwe de leden Smittenberg, G. de Jong, Jonkers, Van der Meulen en Postma. Stemverklaringen: De heer Smittenberg zegt dat hij de motie eerder als een motie van wantrouwen ziet in het college dat hij de afspraak niet na zou komen. De hear G. de Jong seit dat syn fraksje him oanslút by dy wurden. De heer Jonkers zegt dat voor zijn fractie hetzelfde geldt. 11Moasje oer de bestjoerlike posysje fan 'e boargemaster. Wethâlder Oosterhof seit dat der yn de kommisjegearkomste fan 8 jannewaris lêstlyn troch mefrou Santema sein is dat it betrouwen yn 'e boargemaster skeind is. Gjin inkeld oar riedslid hat hjir op réagearre. De trije wethâlders wolle sa net fierder gean. De foarsitter fan de ried is beskadige troch de wurden fan mefrou Santema. De trije wethâlders wolle fan de ried hearre dat it betrouwen yn de boargemaster net skeind is. De heer Smittenberg zegt dat er nog niet over het initiatiefvoorstel over de communicatie Staande- mast-route is gesproken. Er liggen vragen die beantwoord moeten worden, die over hetzelfde on- lerwerp als de nu aan de orde zijnde motie gaan. Hij stelt nadrukkelijk voor deze motie tezamen met het initiatiefvoorstel te behandelen. De hear Zijlstra fersiket om tydlike sluting fan 'e gearkomste. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 21.00 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 21.30 oere. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje de moasje fan de wethâlders no behannelje wolle. Wethâlder Oosterhof seit dat de trije wethâlders de perioade tusken no en 27 maart, as de ried oer it inisjatyfútstel prate sil tagelyk mei de ynhâldlike behanneling fan de sifers oangeande de Steandemest-rûte, te lang fynt. Der bliuwt dan te lang in ûnwissens foar de boargemaster en dêrtroch in ûnwurkbere sitewaasje yn it kolleezje. De trije wethâlders wolle jûn fan de ried hearre dat it betrouwen yn 'e boargemaster net skeind is. De foarsitter seit dat it earst oer de fraach giet oft de moasje no of letter behannele wurde moat. De hear Van der Meulen seit dat syn fraksje it iens is mei de hear Smittenberg. Side 5 not 16-01-2001/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 19