gemeente BOARNSTERHIM Grou, 9 febrewaris 2001. Oan 'e riedsleden fan 'e gemeente Boarnsterhim. Hjirmei noegje ik jimme út foar it bywenjen fan in riedsgearkomste dy't hâlden wurde sil op tusdei 20 febrewaris om 20.00 oere yn it riedshûs oan de Stationsweg 1 yn Grou. De boargemaster fan Boarnsterhim, Y. Dijkstra. W U RKLI ST 1. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomsten fan 19 desimber 2000 en 16 jannewaris 2001. 2. Ynkommen stikken. 3. utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de realisaasje fan in skûtsjemonumint yn Grou. 4. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar de wurktarieding útfiering Struktuurvisie Groene Ruimten Akkrum" 5. Utstel oangeande oanfraach om in bydrage út it budzjet "Actieplan Kleine Kernen". 6. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar it realisearjen fan lytse rekreatieve foarsjennings. 7. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar levering en pleatsing fan ferkearsbuorden yn it plan Leage Geaen en Dearsum. 8. Utstel ta it ferpleatsen fan de beboude komgrins fan Grou op it Hôflân. 9. Utstel om in kredyt beskikber te stellen foar restauraasje monumint oarlochsslachtoffers yn Grou. 10. Utstel ta it nimmen fan tariedingsbesluten. 11. Utstel ta it wegerjen fan in boufergunning foar it pleatsen fan in serre op Kleef 1-3 yn Ak krum. 12. Utstel oangeande bouplan dongsilo op it perseel nú. 2 yn Dearsum. 13. Utstel oangeaande oanfreegjen boufergunning bedriuwenterrein Sibrandabuorren. utnoeging ried 20 febrewaris 2001/izsb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 1