dat oan de VVD is. Met "het vertrouwen uitspreekt in de burgemeester als voorzitter van de raad" hat syn frakjse gjin inkele muoite. De heer Jonkers merkt op dat dan het woord "bestuurlijk" moet worden opgevoerd. De zin die er nu staat zegt niets. Wethâlder Oosterhof seit dat de ried eins seit dat it in kwestje is tusken VVD-fraksje en har wet- hâlder. Mar as der útsprutsen wurdt dat it betrouwen yn de foarsitter skeind is, dan moat sein wurde dat it in saak fan it folsleine kolleezje is en net allinne fan de foarsitter. Dat it betrouwen yn ien lid skeind is kin om dy reden net. De fraksjes hawwe op 8 jannewaris net réagearre op de wur den fan mefrou Santema, dêrom komme de wethâlders mei dizze moasje om't de foarsitter oars net mear optrede kin sa't it wêze moatte soe. De suggestje fan de hear Zijlstra om it earste stik der út te heljen( spreekt het oordeel uit) kin net oernommen wurde om't dat krekt de oanlieding ta dizze moasje is. De trije wethâlders hanthavenje de moasje nettsjinsteande de gefolgen dy't dat hawwe kin. Wethâlder Bouma begrypt dat alle oare fraksjes de wurden fan mefrou Santema sjogge as de wur den fan ien riedslid en dat sy dit in saak fine tusken de VVD-fraksje en har wethâlder. Dan is bûten de oarder oft dat al as net yn de moasje stean moat. It giet de wethâlders om it folgjende: de wet- hâlders hawwe op 8 jannewaris fuortendaliks ôfstân nommen fan de wurden fan mefrou Santema. De wethâlders binne teloarsteld dat de oare fraksjes dat doe net dien hawwe. De kommisjegear- komste hat wol deeglik in hiel grutte ympact hân nei bûten ta. Sy fynt dat de trije wethâlders it rjocht hawwe oan de ried te freegjen om it betrouwen yn de boargemaster út te sprekken. Sy lit noch efkes iepen dat de ried miskien net wat sizze wol oer de wurden fan mefrou Santema, mar hopet dat de ried him wol útsprekke wol oer it betrouwen yn de foarsitter. Wethâlder Bijlsma seit dat it de trije wethâlders giet om de posysje fan de boargemaster. Dy is skeind troch de wurden fan de VVD-fraksje. Om't der gjin tsjinlûd kommen is, stiet de bestjoerlike posysje fan de boargemaster ta diskusje. De wethâlders freegje fan de ried it betrouwen yn de boargemaster út te sprekken, dat de boargemaster en eins it folsleine kolleezje sadwaahde wer be- stjoerlik goed funksjonearje kinne. Wethâlder Oosterhof merket op dat ferskillende leden sein hawwe dat sy harren fan dielnimming an de stimming ûnthâlde sille. Hy ropt de leden fan de ried op net foar harren ferantwurdlikheid as riedslid fuort te rinnen. It in demokratysk rjocht dat der stimd wurde kin en dat rjocht moat net tekoart dien wurde. De hear Janse seit dat hy it spitich fynt dat dizze moasje oanlieding is foar in tal fraksjes om aanst de seal te ferlitten; dit is gjin ferwyt. Syn fraksje hat der gjin inkele muoite mei om it bestjoerlike betrouwen yn de boargemaster út te sprekken. Hy stipet it amendemint fan de fraksje fan de P.v.d.A. De heer Smittenberg zegt dat als de zinsnede bij het oordeel uit de motie wordt gehaald, daarmee de aanleiding tot de motie niet geschrapt wordt. Als echter ook de aanleiding wordt geschrapt, blijft er een lege motie over. Als dan ook nog blijkt dat de fractie van de VVD deze motie niet steunt, dan blijft het probleem bestaan. De fractie van de VVD is op geen enkele Wijze in de commissievergadering gesteund. In zijn beleven is het vertrouwen in de voorzitter absolúut niet aan de orde, anders dan in relatie tot de uitspraken van mevrouw Santema. Als mevrouw Santema daar zelf geen afstand van wil doen, heeft een uitspraak van de rest van de raad geen enkele zin. Hij vindt, afgezien van het wel of niet afstand nemen door de fractie van de VVD, dat het hier een lege motie betreft, waar hij niet voor zou kunnen stemmen. Maar omdat het hem erg ongewenst lijkt om tegen te stemmen, zal hij zich van stemming onthouden. not 16-01-2001/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 21