Side 8 De heer Jonkers zegt dat hij in de commissievergadering duidelijk heeft gezegd dat hij niet de voorzitter maar het totale college zou aanspreken. Het vertrouwen in de richting van individuele personen is niet aan de orde geweest. Hij voelt zich dan ook niet betrokkken bij deze kwestie. Als er dan ook nog delen uit de motie worden gehaald, is er sprake van loos alarm en daar maakt de raad zichzelf belachelijk mee. Hij wil graag dat er hom en kuit geboden wordt, omdat het hem erg tegen staat dat de verantwoordelijke wethouder, die hem als raadslid zegt dat hij voor zijn verantwoordelijkheid wegloopt, zich volledig distantieert van zijn fractie. Of de fractie zou zich moeten distantiëren van haar wethouder. Zolang dat niet gebeurt, is er geen duidelijkhéid en daar heeft hij schoon genoeg van. De hear Van der Meulen seit dat it dochs wol hiel frjemd is dat in wethâlder de leden fan de ried opropt dat dy net foar harren ferantwurdlikheid fuortrinne moatte. Dy't hjir foar harren ferantwurd- likheid fuortrinne binne de wethâlders. De wethâlders sille no in dúdlike kar meitsje moatte en dat moatte se net oan de oare leden fan de ried freegje. It is no foar de safolste kear dat der in pro bleem is tusken de VVD-fraksje en it kolleezje en de kolleezjepartijen. Oant hoefier giet it kolleezje mei it sollen mei de net-kolleezjepartijen? Hy is it grôtsêd. Span net eltse kear de net-kolleezje- partijen foar it karke fan de koalysje. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje net fynt dat it in lege moasje wurdt as it oardiel der út helle wurdt. Om't der minsken persoanlik rekke binne, stipet syn fraksje de moasje om it betrouwen út te sprekken yn de bestjoerlik funksjonearjen fan de boargemaster. It oardiel oer de VVD-fraksje leit syn fraksje by de fraksje fan de VVD del. Wethâlder Oosterhof seit dat de wethâlder® nefc fee binne pa*tsjes út de moasje te heljén. Dêrmei soe de moasje Ontkrachte wurde. As de oanlieding der út helle wurdt, is it in moasje sûnder ynhâld. Hy wol net foarútrinne op wat der fuortkomme kin út de sitewaasje dat de wethâlder en syn eigen VVD-fraksje om 'e tafel sille. Dat is no net oan 'e oarder en hy wol dêr no ek noch gjin antwurd op jaan. Wethâlder Bouma freget om in tydlike sluting fan de gearkomste om efkes oer it amendemint fan de fraksje fan de P.v.d.A. en de réaksje dêrop fan de net-koalysjepartijen, te praten. De foarsitter slút de gearkomste tydlik om 22.08 oere. Hy iepenet de gearkomste wer om 22.20 oere. Wethâlder Bouma seit út namme fan de trije wethâlders dat sy de moasje oanpasse wolle op it tredde part, om't sy goed fernommen hawwe dat de measte riedsleden muoite hawwe om ôfstân te nimmen 'fan de wurden fan mefrou Santema om't dy besjoen wurde as inkeld de wurden fan mefrou Santema, dy't de stipe krijt fan de hear Aukes. De wethâlders wolle it tredde part sa feroarje: "spreekt het vertrouwen in de bestuurlijke positie van de burgemeester uit". Sa wol sy graach de moasje yn stimming bringe. De foarsitter stelt út om de sa oanpaste moasje yn stimming te bringen. Dêrop ferlitte de folgjende riedsleden de riedseal: Aukes, Santema, Smittenberg, Postma, Jonkers, Van der Meulen en G. de Jong. De foarsitter konstatearret dan dat no't der noch 8 fan de 17 riedsleden fan de gemeente Boarnsterhim yn de riedseal oanwêzich binne it quorum net helle is. Dat bestjut dat de ried net mear it foech hat in oardiel út te sprekken en dat der dus net stimd wurde kin oer dizze moasje. Hy sil sa gau mooglik in beslissing nimme oer de te nimmen stappen. not 16-01-2001/absh/8

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 22