BOARNSTERHIM gemeente R E D S U T STEL Kommisjegearkomste Agindapunt Riedsgearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner 11 desimber 2000 6. 20 febrewaris 2001 3 boargemaster Y. Dijkstra mf. L. Volbeda telefoan: 0566 - 629329, e-mail: volbedal@boarnsterhim.nl Underwerp: Realisaasje skûtsjemonumint Utstel: 1Stel f 15.000,- beskikber foar de realisaasje fan in skûtsjemonumint yn Grou. 2. Dek it bedrach út 'e post "onvoorzien" Ynlieding: Yn Grou stie de widze fan it hjoeddeistige skûtsjesilen. In evenemint mei nasjonale en ynterna- sjonale útstrieling. Yn Grou wurdt alle jierren de kompetysje oer fjirtjin dagen iepene. Op freedte- jün de offisjele iepening mei de lotting foar de wedstriden yn Earnewâld en op 'e Feanhoop. Op sneon wurdt tradisjoneel de earste wedstriid fan it kampioenskip by Grou fearn. It Grouster skûtsje "It doarp Grou" hat it earste SKS kampioenskip yn 'e 21 ieu wûn. It wie 27 jier lyn dat it Grouster skûtsje it earste plakje behelle hie. Dêrom in geweldige prestaasje. De ynwenners fan Grou, en fan 'e hiele gemeente Boarnsterhim, libje altyd tige mei, It doarp Grou" is ommers "ús" skûtsje. Nei oanlieding fan it behelle kampioenskip is it plan Ontstien dat der in monumint komme moast foar it skûtsjesilen. In monumint yn Grou, mar tagelyk in beaken foar it skûtsjesilen yn syn algemienens. Ut 'e ynwenners fan Grou wei is der in komitee oprjochte om it monumint, in byld fan it Grouster skûtsje, te realisearjen. Us kolleezje hat daliks entûsjast reagearre op it inisjatyf en stipe tasein. It is no safier dat der int Ontwerp makke is en dat der in rûzing fan it jild dat nedich is leit. Partikulieren en bedriuwen hawwe al in moai bedrach by elkoar lein. De skûtsjekommisje Grou en 'e gemeente Boarnsterhim nimme ek har part troch in bydrage te jaan om 'e realisaasje fan it monumint mooglik te meitsjen. By de maitiidsnota 2001 sil in koarte notysje oan jo ried oanbean wurde omtrint it gemeentlik be lled op it mêd fan 'e keunst en 'e mooglikheid om foar alle doarpen it ien en oar te betsjutten. Arguminten: 1.1 it skûts/esi/en hat oer de hiele wrâ/d útstrieling It skûtsjesilen hat nasjonaal en ynternasjonaal útstrieling. Grou profitearret dêr ekstra fan omdat tradisjoneel it SKS kampioenskip yn Grou begjint. It doarp, en dêrtroch ek de gemeente, kriget al le jierren weroan in protte belangstelling fan 'e parse. Dizze útstrieling ûnderstreket it motto "Grou wettersportdoarp". (Simmer)gasten dy't it doarp besykje sille grif ek efkes by it byld sjen wolle. Grou moat net allinnich wettersportdoarp wêze, mar ek skûtsjedoarp wurde. kredyt skOtsjemonumint/ablv/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 27