1.2 realisaasje fan it monumint wurdt troch ynwenners breed stipe Ynwenners fan Grou binne grutsk op harren skûtsje en sille de oanwêzigens fan in monumint foar it skûtsjesilen útdrage. It idee om in skûtsjemonumint op te rjochtsjen, krekt yn Grou, is mei en- tûsjasme ûntfongen. Dat blykt ek út it feit dat al in protte minsken it inisjatyf stipe hawwe troch in bydrage te jaan. It Ontwerp foar it byld is yn oerlis mei âld skipper Joop Mink makke, it hat de ynstimming fan it komitee dat de ynwenners fertsjintwurdiget. 1.3 de skdtsjekommisje Grou ûnderstreket it inisjatyf fan herten Foardat it idee nei bûten brocht is, hawwe de inisjatyfnimmers de skûtsjekommisje Grou hifke. De kommisje hat it plan posityf Ontfongen en meiwurking tasein. 1.4 de gemeente profitearret mei fan it kommen fan in skûtsjemonumint Ut eachpunt fan promoasje en positive publisiteit kin de gemeente syn foardiel dwaan mei it kommen fan it byld fan it Grouster skûtsje. Wy gripe it skûtsjesilen alle jierren oan om gasten út te noegjen by de wedstriid yn Grou. It is ien fan ús wichtigste aktiviteiten op it mêd fan promoas je fan Boarnsterhim. It kommen fan it monumint kin der ta bydrage dat Grou en dêrmei ek Boarn- sterhim foardiel op it mêd fan promoasje en nammebekendheid helje. 2. dekking fan it bedrach kin út 'e post "onvoorzien" Wy stelle út de bydrage foar in skûtsjemonumint te dekken út 'e post "onvoorzien". Op it stuit sit der f 23.5000,- yn dizze post. Neidat it bedrach foar it byld dêrút frijmakke is, bliuwt der noch f 8.500,- op dizze post stean. Kanttekenings: 1. oare keunstwurken binne net finansjeel stipe Troch de útstrieling foar Grou fan dit keunstwurk en it grutte draachflak Onder de minsken is it ferantwurde om foar it realisearjen fan it skûtsjemonumint in bydrage beskikber te stellen. Finânsjes: De kosten foar it skûtsjemonumint binne rûsd op f 60.000,-. Troch partikulieren en bedriuwen sil f 30.000,— opbrocht wurde moatte. De skûtsjekommisje Grou betellet f 15.000,—. De gemeente Boarnsterhim nimt de oare f 15.000,— foar syn rekkening. Utfiering: Kommunikaasje: Neidat de ried it beslút nommen hat om de bydrage beskikber te stellen it komitee skûtsjemonu- mint skriftlik op 'e hichte bringe. Dêrneist troch in parseberjocht wrâldkundich meitsje dat Boarn sterhim ek wêzentlik stiper is fan it skûtsjesilen en fan it monumint yn 't bysûnder. Riedskommisje(s): De opmerkings fan 'e riedskommisje binne yn dit útstel ferwurke. Taheakke: Side 2 kredyt skOtsjemonumint/ablv/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 28