BOARNSTERHIM gemeente N U N Notulen fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op 19 desimber 2000 om 20.00 oere yn it riedshûs yn Grou. Oanwêzich: de froulju K. van den Berg-Wiersma, J. Bouma-van den Brink (wethâlder), R. Santema-Jansma, L. Veldstra-Lantinga en J.T. Wegman-Koopmans en de manlju F.G. Aukes, A. Bijlsma (wethâlder), S.G. Janse, B. de Jong, G. de Jong, H.A. Jonkers, D. van der Meulen, A.P. Oosterhof (wethâlder), H.G. Postma (fanôf wurklistpunt 16) J. Roorda, J.H. Smittenberg en J. Zijlstra. Foarsitter: de hear Y. Dijkstra. Siktaris: de hear R.P. van der Starre. tasizzing) De foarsitter iepenet de gearkomste en hjit alle oanwêzigen hertlik wolkom. De hear Postma sil, yn ferbân mei oare ferplichtings, letter op 'e jûn komme. Hy stelt oan 'e oarder: 1. Ynkommen stikken. Nûmer 4: De froulju Santema, Wegman ek nûmer 17) en Van den Berg wolle dit stik graach yn 'e kommisje behannelje. *Wethâlder Bijlsma seit dit ta. Nûmer 6: De heer Smittenberg wil graag weten, via de commissie, hoe het college dit heeft afgehandeld. De hear Janse wol dit stik graach yn 'e kommisje behannelje. *Wethâlder Oosterhof seit dat dit stik yn 'e kommisje behannele wurde sil. Nûmer 9: De heer Smittenberg wil graag weten, via de commissie, hoe het college dit heeft afgehandeld. Mefrou Santema slút har by dizze fraach oan. De hear Zijlstra seit dat syn fraksje graach wol dat dit fytspaad yn 'e planning meinommen wurdt. Wethâlder Oosterhof seit dat in eardere oanfraach troch Rykswettersteat óf wezen is. Der is wol in ferbining tusken Akkrum en Grou fia de Burstumerdyk of de Leppedyk. Der wurdt no frege om in koartere ferbining. Dizze winsk is ek opnommen yn it ferkears- en ferfiersplan. De diken binne no oanwêzen as 60 km-dyk. Nûmer 10: De heer Smittenberg vraagt wat het college van plan is. Hij hoort dit graag via de commissie. notulen 19dec2000/ bzsh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 3