dat hoe langer in pân ferhierd wurdt hoe langer ek de opsistermyn is. Yn twadde ynstânsje spilet by dizze oankeap it Wetterfront mei. Senioarenwenten is ien fan de opsjes. Alle opsjes moatte noch fierder besjoen wurde. Der wiene al mear potinsjele keapers, der wie dus gjin mooglikheid fan ûn- derhanneljen mear oer de ferkeappriis, dy't dus wol heger leit dan de taksearre wearde. De heer Jonkers zegt dat zijn fractie geen drie jaar wil wachten met de Blikpôle. Hij gaat er vanuit dat voorshands voor één jaar het huisvestingsprobleem van de kinderopvang is opgelost. Er zal ook behoorlijk in het pand verbouwd moeten worden voordat het geschikt is voor de kinderopvang. Zijn fractie is derhalve minder gelukkig met deze locatie dan menig andere fractie. Prioriteit is voor zijn fractie de opwaardering van de Blikpôle. De hear Janse fûn it antwurd fan de wethâlder wat meager. Is dit pân de iennichste ekonomyske drager fan it projekt Blikpôle? Is it kolleezje fan doel it pân letter wer te ferkeapjen? Nei syn betinken moatte der dochs wol wat mear ideeën oer wêze. De heer Smittenberg vindt dit een belangrijke strategische aankoop in de buurt van de Blikpôle. De kinderopvang is naar zijn mening ook best in staat zelf voor huisvesting te zorgen. Hij vindt dat de kinderopvang op deze plek niet zodanig stevige grond onder de voeten mag krijgen dat dat de gemeente later weer in de weg zit bij plannen voor de Blikpôle. Hij vindt dat dat helder geregeld moet worden in de overeenkomst met de Stichting Kinderopvang. Wethâlder Bouma seit dat it útstel giet oer de oankeap fan it pân. De sinjalen fan de ried binne hiel dúdlik foar in hierkontrakt it jier. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 6. Utstel ta it bystellen fan de projektopdracht Wetterfront twadde faze. De hear Aukes mist yn de projektopdracht de eardernommen besluten fan de ried oangeande it net bebouwen fan de Blikpôle. Der is ek bot praten oer in kuierpier, ek dat is net opnommen yn de opdracht. Wethâlder Bouma seit dat de útgongspunten sa opsetten binne as de ried dat graach woe. Earst sil der mei alle belanghawwende partijen sprutsen wurde. Yn it riedsbeslút is fêstlein dat der gjin wenten op de Blikpôle komme sille. Dat hoecht ek net nochris yn de projektopdracht setten te wurden. De hear Janse seit dat GWS frege hat oan de minsken út te lizzen yn hokfoar ramt der oer de plannen praten wurde kin. Jou dúdlik de riedsbesluten oan dat minsken sadwaande net yn allegear papieren opsykje hoege wat der al as net besletten is. Wethâlder Bouma seit dat it riedsbeslút it ramt is dêr't binnen praten wurde moat. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. 7. Utstel ta it fêststellen fan it Meerjarenprogramma Dorpsvernieuwings- en ISV projekten 2000- 2005. De heer Smittenberg dringt er op aan dat vóór de voorjaarsnota het concept meerjarenprogramma voor de dorpsvernieuwing er zal zijn. Wethâlder Bouma seit dat it boadskip dúdlik is. Dan wurdt der sûnder persoanlike stimming neffens it útstel besletten. Side 3 notulen 19dec2000/bzsh /3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2001 | | pagina 5